Ferskil tusken ferzjes fan "Manga"

8 bytes lytser ,  1 jier lyn
Bs
(kt)
(Bs)
 
'''Manga''' ([[Japansk]] ''[[kanji]]'': 漫画; Japansk ''[[hiragana]]'': まんが; Japansk ''[[katakana]]'': マンガ; [[útspr.]]: ['maŋɡa], likernôch: "<u>mang</u>-ga") is de beneaming foar [[strip]]s en [[grafyske roman]]s dy't makke binne yn [[Japan]] en/of yn 'e [[Japansk]]e [[taal]]. Se meitsje gebrûk fan in styl dy't oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] yn Japan ûntwikkele waard, en dy't in lange en yngewikkelde foarskiednis yn 'e Japanske [[keunst]] hat. It earste mangatydskrift ûntstie yn [[1874]]. De term 'manga' wurdt yn it Japansk almeast skreaun yn it ''[[kanji]]''-[[skrift]], as 漫画. Dat [[wurd]] bestiet út twa [[karakter (letterteken)|karakters]]: 漫, ''man'', dat "boartlik" of "sûnder tarieding" betsjut, en 画, ''ga'', dat "plaatsjes" betsjut. It wurd is besibbe oan it [[Koreaansk]]e wurd foar strips, ''[[manhwa]]'', en it [[Sineesk]]e wurd foar strips, ''[[manhua]]''.
 
Yn Japan wurde manga lêzen troch minsken fan alle [[leeftiden]]. Se foarmje in [[medium]] dat in breed ferskaat oan [[sjenre]]s omfiemet: [[aksjefiksje|aksje]], [[aventoerfiksje|aventoer]], [[detektiveferhalen]], [[erotyk]] (''[[hentai]]''), [[fantasy (sjenre)|fantasy]], [[hannel]] en [[kommersje]], [[histoaryske fiksje|histoarysk]], [[horror]], [[komeedzje]], [[misdiefiksje|misdie]], [[romantyk (sjenre)|romantyk]], [[science fiction]], [[skriller]]s, [[sport]], ensfh. Sûnt de [[1950-er jierren]] hawwe manga har ûntjûn ta in wichtich ûnderdiel fan 'e Japanske [[útjouwerij]]sektor. Yn [[1995]] waard der yn Japan op [[jier]]basis [[Japanske yen|¥]]586,4&nbsp;miljard (oftewol [[$]]6 oant 7&nbsp;miljard) oan 'e [[ferkeap]] fan manga fertsjinne. Dêrby giene jiers 1,9&nbsp;miljard mangatydskriften oer de toanbank, wat delkaam op 15 foar eltse ynwenner fan Japan.
 
Ek bûten Japan hawwe manga grutte populariteit krigen, en in protte manga wurde sadwaande [[oersetting|oerset]] yn oare [[talen]]. Yn [[2008]] waarden der yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] foar $175&nbsp;miljoen oan mangatydskriften ferkocht, en yn [[Frankryk]] makken manga's yn [[2005]] 38% út fan alle strips dy't ferkocht waarden, mei in wearde fan [[€]]460&nbsp;miljoen (ta ferliking: $569&nbsp;miljoen).
 
Manga's wurde ornaris [[druktechnyk|printe]] yn [[swart-wyt]]. Redens dêrfoar binne de tiid dy't it nimme soe om alle plaatsjes yn te [[kleur]]jen, de ekstra kosten dy't dat opsmite soe foar it printsjen, en artistike omtinkens, mei't in soad mangatekeners fan miening binne dat swart-wytplaatsjes mear impact hawwe op 'e lêzer. Nettsjinsteande dat besteane der ek wol inkele mangatydskriften yn [[kleur]]. Yn Japan wurde manga oer it algemien as [[fúljeton]]s publisearre yn in mangatydskrift, dat wol oant tsien fan sokke fúljetons tagelyk rinnen hawwe kin. Neitiid komme in soad manga dan út as ''[[tankōbon]]'', dat wol sizze mei alle ôfleverings fan it fúljeton sammele yn in [[paperback]]. Mangatekeners (Japansk: ''mangaka'') wurkje ornaris mei in pear assistinten yn in lytse [[studio]]. Yn 'e regel ûnderhâlde sokken in [[kontrakt]]ueel fêstleine bân mei in [[útjouwerij]]. As in mangarige genôch populariteit hat, wurdt der gauris in [[anime]] (tekenfilmsearje) op basearre.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.302

bewurkings