Wappo (taal): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 25:
De [[konsonant]]en h, k, l, m, n, p en s hawwe de gongbere útspraak. De c [ʦ] is de ts fan 'tsiis'; de č [ʧ] is de tsj fan 'tsjerke'; de š [ʃ] is de sj fan 'sjippe'; de w [w] is de w fan 'skowe'; de y [j] is de j fan 'jas'; en de ɂ [ʔ] is de [[glottisslach]], it lûd tusken de gelikense fokalen yn wurden as 'Aäron' en 'koöperaasje'. It Wappo hat twa foarmen fan 'e t, de [[dintaal|dintale]] t [t], dy't hielendal foaroan yn 'e mûle útsprutsen wurdt, en de [[alveolêr]]e ṭ [t̺], dy't fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen wurdt
 
Fierders binne der alve konsonanten dy't folge wurde troch troch in glottisslach, en skreaun wurde mei in [[apostrof]]. Teffens binne der fjouwer [[aspiraasje (taalkunde)|aspirearre]] konsonanten, wêrby't de haadklank folge wurdt troch in licht h-ke (bekend fan 'e [[Grinslânsk]]e útspraak "Marthinithoren"). Aspiraasje wurdt yn it Wappo werjûn troch in h yn [[superskrift]] oan 'e betreffende letter ta te foegjen.
 
Dêropta kamen de konsonanten d [d], f [f], g [ɡ] (g fan 'goed'), r [r] en r’ [rʔ] foar yn [[lienwurd]]en dy't it Wappo oernommen hie út it [[Spaansk]].