Kriesk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 59:
Op it mêd fan 'e [[konsonant]]en hat it Kriesk mar in tige beheinde klankynventaris. De ''h'', ''k'', ''m'', ''n'', ''p'', ''s'' en ''t'' wurde krekt as yn it [[Frysk]] útsprutsen. De ''ch'' is de [ʧ], de begjinklank fan "tsjerke", en krektsa is de ''sh'' de [ʃ], de begjinklank fan "sjippe". De ''x'' is de [x], dy't yn it Frysk as "ch" skreaun wurdt, lykas yn "berch". De ''b'' ([b]) en ''w'' ([w], lykas yn "skowe") komme inkeld foar as [[allofoan]]en fan 'e ''m'', en krekt-en-gelyk komme de ''d'' ([d]) en ''l'' ([l]) allinnich mar foar as allofoanen fan 'e ''n''. Fierders hat it [[foneem]] ''k'' in [[palatalisaasje|palatalisearre]] allofoan [kʲ] (kj fan "kjers"), dy't foarkomt nei ''i'', ''e'', ''ch'' en ''sh'', faak yn wurdeinige posysje. Ek de [[glottisslach]] ([ʔ]) de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje", komt yn it Kriesk foar, mar wurdt net skreaun.
 
Fierders is ek [[aspiraasje (taalkunde)|aspiraasje]], it útsprekken fan [[plofklank]]en mei in lyts h-ke derefteroan (lykas yn 'e bekende [[Grinslânsk]]e útspraak fan ''Marthinithoren''), yn it Kriesk in wichtich ferskynsel. Plofklanken wurde aspirearre as se oan it begjin of de ein fan in wurd steane, wannear't se ferdûbele wurde (bgl. [ppʰ]) en as se efter in oare plofklank oan komme (bgl. [ptʰ]). Plofklanken yn in konsonantekluster mei de ''h'' as earste klank (''hp'', ''ht'', ''hk'') bliuwe ûnaspirearre. Ferdûbeling fan konsonanten komt inkeld yn ynterfokale (tuskenlûdige) posysje foar. Yn dyselde posysje wurdt de ''sh'' faak stimhawwend, en klinkt er dus as [ʒ] (zj lykas yn "bagaazje"). De ''s'' wurdt soms ek stimhawwend útsprutsen, as "z", mar de ''x'' is nea stimhawwend.
 
==Keppelings om utens==