Suëven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiednis: Publius Kornelius Tasitus
Daam (oerlis | bydragen)
L stavering
Rigel 1:
De '''Sueben''' of '''Sueven''' ([[Latynsk]]: ''Suebi'') wie in [[Germanen|West-Germaansk]] folk dat sawat oan it begjin fan de jiertelling by de [[Eastsee]] (''Mare Suebicum'' yn it Latyn) wenne hat. Neffens guon is de namme foar [[Sweden]] fan dizze namme ôfliedenôflaat en is it oannimlik dat dit stamferbân út ferskeidene stammen bestie, wêrûnder de [[Kwaden]], de [[Markomannen]], de [[Allemannen]], de [[Hermunduren]], de [[Langobarden]] en de [[Semnoanen]]. Yn de [[5e ieu]] en [[6e ieu]] hienen sy in keninkryk yn [[Spanje]].
 
[[Ofbyld:Reino de Galicia Suevos.png|right|thumb|175px|Suebysk keninkryk yn Spanje]]
 
==Skiednis==
De Sueben emigreardenemigrearren nei it tsjintwurdige [[Dútslân]] en bleaunen dêr earst yn it noarden by de [[Elbe]]. Al gaurisgau lutsen sy nei it suden ta. Neffens de Romeinske skiedkundige [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] dienen de Semnoanen en Langobarden mei oan de striid fan [[Ariovistus]] tsjin [[Julius Caesar]] yn ([[58 f. Kr.]]).
 
Yn de [[4e ieu]] waarden de Sueben troch de [[Hunnen]] ferdreaun en foelen sy yn [[406]], nei it beheljen fan de oerwinning yn de [[Slach by Mainz]], it [[Romeinske Ryk]] binnen. Tegearre mei de [[Fandalen]] lutsen sy troch [[Galje]] hinne, rjochting [[Spanje]] en kamen dêr oan yn [[409]]. Under lieding fan kening [[Hermerik]] († [[438]]) stiften sy in eigen ryk yn de Romeinske provinsje [[Gallaecia]] yn Spanje. Hjir gongen de Sueben foar in grut part oer op it [[kristendom|Arianisme]], in kristlik leauwen.
 
Under kening [[Rechila]] ([[438]]-[[448]]) koenen de Sueben harren ryk útwreidzje mei [[Baetica]] en [[Sevilla]]. Sy fersloegen dêrby de lêste Romeinske legers en doe't de Fandalen nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] fuortta lutsen, wienen sy in skoft oermachtigoermachtich. Dit hichtepunt duorre mar koart, want de opfolger fan Rechila, syn soan [[Rechiar]], waard yn [[456]] ferslein troch de [[Fisigoaten]] ûnder lieding fan [[Theoderik II]] yn de [[Slach oan de Urbicus]]. Hjirnei waarden de Sueben in skoft bestjoerd troch harren oerwinners.
 
Al gaurisgau slagge it de Sueben harren ûnôfhinklikheid werom te krijen. Sy waarden wer troch harren eigen keningen bestjoerd mar moasten wol in grut part fan Spanje ôfstean oan de Fisigoaten. Se bleaunen ûnder Fisigoatyske ynfloed stean. Yn [[465]] gongen de Sueben allegear oer nei it [[katholyk|roomske]] leauwen.
 
De dea fan Rechiar soarge foar in splitsing fan it Suebyske folk. [[Aioulf]] ([[456]]-[[457]]) en [[Framta]] ([[457]]-[[458]]) ferdielden it ryk ûnderling; mar wol as fazallen fan de Fisigoaten. Under [[Maldras]] wienen de Sueben wer koart feriene, wêrnei't opnijop 'e nij in splitsing folge tusken [[Richimund]] ([[459]]-[[463]]), [[Frumar]] ([[459]]-[[463]]) en [[Remismund]] ([[459]]-[[469]]). Dizze lêste soarge der wer foar dat de feriening yn [[463]] foargoedfoarfêst wie. De skiednis oer de perioade tusken [[468]] oant [[560]] is hielendal ûnbekend. Lang om let waard yn [[585]] it ryk fan de Sueben foargoedfoar altyd ferslein troch de Fisigoaten ûnder lieding fan [[Leovigild]]. It Suebyske folk bleaunbleau net as ôfsûnderlik folk bestean, sy soenen harren ferminge mei de Histo-Romeinske befolking fan Spanje en út de skiednis ferdwine.
 
==Literatuer==