Kreambêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]] oars
 
Rigel 1:
[[File:Mother_and_newborn_child_in_Orissa.jpg|right|thumb|250px|In [[mem]] mei har nij[[berne]] [[poppe]].]]
It '''kreambêd''' ([[Latyn]]: ''puerperium'' of ''postpartum'') is de gebrûklike beneaming foar in perioade fan acht [[dagen]] dy't in [[frou]] in nei de [[befalling]] (''partus'') rêstend trochbringe moat. Hjirby jildt de deis fan 'e befalling as de earste fan 'e acht dagen. De beneaming komt fan '[[kream (berte)|kream]]', in âld wurd foar "befalling", en '[[bêd]]', dat oantsjut dat it om in rêsttiid giet. Yn dizze perioade fine der yn it [[minsklik lichem|lichem]] fan 'e [[kreamfrou]] feroarings plak fan in sitewaasje fan [[swierwêzen]] nei in normale tastân. De measten fan dy feroarings betreffe de [[búkspier]]en en de [[weefsel (biology)|weefsels]] fan it [[bertekanaal]] en it [[limoer]].
 
Men kin de kreambêdtiid thús trochbringe, yn it [[sikehûs]] of foar in diel yn it sikehûs en foar in diel thús. Ek besteane der saneamde [[kreamhotel]]s foar kreamfroulju dy't gjin [[genêskunde|medyske]] needsaak hawwe om yn it sikehûs te bliuwen, mar bygelyks thús nimmen hawwe om harren te fersoargjen. Wa't der wol foar kiest om dizze perioade thús troch te bringen, kin op fêste tiden besiken fan 'e [[kreamfersoarchster]] regelje. Yn in kreamhotel en yn 'e thússitewaasje fynt medyske begelieding plak troch de [[ferloskundige]], wylst yn it sikehûs in [[gynekolooch]] bystien troch [[ferpleechkundige]]n dêrfoar ferantwurdlik is.