Manlikheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L typfl
L [[]] oars
 
Rigel 1:
[[File:PalmercarpenterA.jpg|right|thumb|180px|In [[boufakker]]. Lju mei in [[berop]] dêr't swier [[minsklik lichem|lichaamlik]] [[wurk]] foar ferrjochte wurde moat, wurde oer it algemien beskôge as 'echte keardels'.]]
{{Of|it begryp 'manlikheid'|it geslachtsorgaan|penis}}
'''Manlikheid''' of '''manlikens''' is in begryp dat in rige skaaimerken, manearen fan [[hâlden en dragen]] en [[maatskiplik]]e [[rolpatroan]]en omfiemet dy't [[tradysje|tradisjoneel]] assosjearre wurde mei [[manlju]] en [[jonge]]s. It is in [[maatskippij|sosjaal]] [[konsept]], dat ûnderskaat wurde moat fan 'e [[biology]]ske definysje fan it [[manlik geslacht]]. It tsjinstelde fan manlikheid is [[froulikheid]], mar sawol manlju as [[froulju]] kinne skaaimerken fan manlikheid (en froulikheid) fertoane. In famke dat har op in manlike wize hâldt en draacht, neamt men gauris in [[wyldkat (famke)|wyldkat]] (of tsjintwurdich mei in [[Ingelsk]] [[lienwurd]] ek wol in ''tomboy''). As in frou sokke skaaimerken fertoant, sprekt men gauris [[minachtend|minachtsjend]] fan in 'manwiif'. As in man (tefolle) skaaimerken fan froulikheid fertoant, wurdt er omskreaun as 'ferweakke' of '[[androginiteit|androgyn]]'. In besibbe begryp is ''[[machismo]]'', in foarm fan manlikheid dy't sterk de klam leit op macht en dy't assosjearre wurdt mei it negearjen fan 'e gefolgen fan jins hâlden en dragen en de [[ferantwurdlikheid]] dêrfoar. In man dy't sok gedrach fertoant, wurdt in ''[[macho]]'' neamd. In oar besibbe begryp is [[firiliteit]] (fan it [[Latyn]]ske ''vir'', dat "man" betsjut). Dat leit de klam benammen op krêft, enerzjy en [[seks]]uële prestaasjes.