Fersekering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]] oars
 
Rigel 1:
In '''fersekering''' (fan it [[Nederlânsk]]e ''verzekering'') of '''assurânsje''' (fan it [[Frânsk]]e ''assurance'') is in [[oerienkomst (kontrakt)|oerienkomst]] tusken in [[fersekeringsmaatskippij]] en in [[fersekeringnimmer]]. Troch in fersekering ôf te sluten besiket de fersekeringnimmer de [[jild|finansjele]] gefolgen fan in [[finansjeel risiko|risiko]] ôf te dekken dy't er sels net drage kin of wol. It begryp fersekering is dêrmei in foarm fan [[risikomanagement]], dat benammen bedoeld is foar it gefal fan in [[ûngelok (aksidint)|ûngelok]] of in [[ramp]]. De fersekeringnimmer draacht op [[jier]]likse basis in beskaat bedrach oan [[jild]] (in [[fersekeringspreemje|preemje]]) ôf oan 'e fersekeringsmaatskippij, en yn ruil dêrfoar seit de fersekeringsmaatskippij ta de kosten fan skea oan [[minsklik lichem|lichem]] en guod te fergoedzjen. De fergoeding wurdt betelle út 'e pot dêr't de preemjes fan alle fersekeringnimmers yn komme. Dit systeem wurket dus allinnich mar as net alle fersekeringnimmers tagelyk skea hawwe; mocht dat al sa wêze, dan giet de fersekeringsmaatskippij [[bankrot]].
 
==Fersekeringsrjocht yn Nederlân==