Filmfestival: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Cannes.Redcarpet.jpg|right|thumb|250px|De [[reade loper]] op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes]].]]
In '''filmfestival''' is in organisearre [[evenemint]] yn 'e foarm fan in [[festival]], dat oer in stikmannich [[dagen]] holden wurdt yn in [[stêd]] of [[krite|regio]], mei as doel om [[film]]s ûnder de oandacht te bringen fan it [[publyk]]. Foar it fertoanen fan films meitsje filmfestivals yn 'e regel gebrûk fan ferskate [[filmseal]]en tagelyk, meastal yn ûnderskate [[bioskopen]]. Ek komt it almar mear foar dat films op sokke festivals yn 'e [[iepen loft]] fertoand wurde. Filmfestivals tsjinje ek as moetingsplak foar filmmakkers, lykas [[regisseur]]s en [[produsintfilmprodusint]]en, en oaren dy't mei de [[film]]yndustry te krijen hawwe.
 
De measte films dy't op filmfestivals oanpriizge wurde, binne koartlyn makke, of it moat wêze dat it festival in [[tema]] hat yn it ramt wêrfan't films út 'e âlde doaze wer op 'e nij foar it fuotljocht brocht wurde. Guon films hawwe har alderearste fertoaning op in filmfestival en geane dêr dan dus yn [[premiêre]] (hoewol't beskate film[[histoarisy]] in premiêre op in filmfestival net as in 'echte' premiêre beskôgje). Ofhinklik fan wêr't it oanbelangjende filmfestival him op rjochtet, kinne der regionale, binnenlânske en/of bûtenlânske films te sjen wêze. As der ek bûtenlânske films fertoand wurde, hat it filmfestival ornaris it wurd 'ynternasjonaal' yn 'e [[namme]]. Guon filmfestivals rjochtsje har op films fan ien beskaat [[sjenre]], lykas [[film noir]], [[horror]] of [[science fiction]]. Oer it algemien wurde op filmfestivals sawol [[spylfilm]]s as [[koarte film]]s fertoand, en faak ek [[dokumintêre]]s.