Ferskil tusken ferzjes fan "Trailer"

4 bytes grutter ,  29 deien lyn
bs
(kt)
(bs)
 
{{Of|trailer yn 'e sin fan promoasjefilmke|de oanhingwein fan in truck|oplizzer}}
In '''trailer''' is in foarm fan [[kommersje]]le [[reklame]] en [[promoasje (marketing)|promoasje]] foar in [[spylfilm]], [[tillefyzjeprogramma]] of [[kompjûterspultsje]], wêrby't de [[produsintfilmprodusint]]en besykje en meitsje it [[publyk]] waarm foar harren produksje troch in kompilaasje fan bylden út 'e oangeande film of [[tillefyzjesearje]] sjen te litten. Dat giet almeast mank mei in dramatyske [[voice-over]] dy't yn it koart wat oer de film of searje ferteld. Itselde kin dien wurde mei in kompjûterspultsje. It komt tsjintwurdich ek foar dat trailers makke wurde foar [[muzykfestival]]s en oare [[evenemint]]en.
 
De [[Ingelsk]]e oantsjutting 'trailer' (letterlik: "efterneikommer", frij fertaald: "folger") komt út 'e [[bioskoop]]sektor, dêr't it oarspronklik wizânsje wie om sokke filmkes nei de haadfilm te fertoanen. Dat barde foar it earst yn [[1913]]. Dy praktyk duorre net lang, om't it bioskooppublyk yn 'e regel al ûnder de [[ôftiteling]] fan 'e haadfilm de [[filmseal]] ferlit. Dêrom lit men sokke reklame tsjintwurdich foarôfgeande oan 'e haadfilm sjen, as saneamde '''foarfilms'''. De oantsjutting 'trailer' bleau lykwols yn gebrûk.
13.833

bewurkings