Tristan da Cunha (ûntdekkingsreizger): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Tristan da Cunha to Tristan da Cunha (ûntdekkingsreizger): ek eilân
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
'''Tristão da Cunha''' betiden ek stavere as '''Tristão d'Acunha''' of '''Tristan da Cunha''' (om [[1460]] - om [[1540]]), wie in [[Portugal|Portugeesk]] admiraal en ûntdekkingsreizger.
 
Yn [[1506]] hie Tristão da Cunha de lieding oer in ekspedysje dy't as doel hie de Portugeeske oerhearsking yn [[Aazje]] en [[Afrika]] te fersterkjen. Silend nei [[Kaap de Goeie Hope]], wie er, nei [[Brazylje]] oandien te hawwen, fierstente fier nei it suden trochsetten. Earst nei't de bemanningen mei beferzen teannen kamen te sitten ferlei er koers nei it noardeasten. Sa kaam it dat er tafallich in eilannegroep yn it suden fan de [[Atlantyske Oseaan]] ûntduts; de grutste neamde er nei himsels: [[Tristan da Cunha (ûntdekkingsreizger)|Tristan da Cunha]] (1506), 2816 km. fan Súd-Afrika ôf. Hy lâne dêr net om't de see te ûnrêstich wie.
 
Nei dizze ûntdekking farde Cunha nei [[Madagaskar]], brocht in besite oan [[Mozambyk]], [[Barawa|Brava]] (dêr't er de Arabieren in gefoelige klap tabrocht). Dêrnei waard [[Sokotra]] ferovere. Fan dêrút gie it op [[Yndia]] oan, dêr't Cunha in tal militêre aksjes útfierde.