Fúzje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nij
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 14:
 
==Juridyske fúzje==
In [[rjocht|juridyske]] fúzje hâldt yn dat twa (of mear) [[rjochtspersoan]]en opgeane yn ien nije rjochtspersoan. [[Oandielhâlder]]s fan 'e fusearjende [[fennoatskip]]pen wurde fan rjochtswegen oandielhâlder fan 'e troch de fúzje nij ûntstiene fennoatskip. De juridyske fúzje is regele yn boek 2 fan it ''[[Boargerlik Wetboek (Nederlân)|Boargerlik Wetboek]]''. De juridyske fúzje is in folle beheinder begryp as de ekonomyske fúzje, mei't oan in juridyske fúzje in stikmannich easken steld wurde. Sa meie inkeld rjochtspersoanen fusearje (dus bygelyks gjin [[maatskip]]pen) en moatte beide fúzjepartners deselde rjochtsfoarm hawwe (dus in [[besletten fennoatskip]] kin net fusearje mei in [[feriening]]). Dêrnjonken sil foar in foarnommen fúzje by grutte bedriuwen de [[Nederlandse Mededingingsautoriteit|NMa]], de [[Jeropeeske Kommisje]] en/of de autoriteit op it mêd fan 'e [[ekonomyske merk|merk]] op 'e hichte steld wurde moatte om goedkarring te krijen. Ek de [[ûndernimmingsried]] moat ynljochte wurde, sadat dy mei de [[direksje]] en eventueel mei de oandielhâlders om 'e tafel kin oer de sosjale gefolgen fan 'e fúzje.
 
==Belestingtechnyske gefolgen==