Telefyzjestjoerder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''telefyzjestjoerder''' of '''tillefyzjestjoerder''' is in byinoar hearrend tal [[apparaat|apparaten]] en oar reau dêr't bewegende bylden mei útstjoerd wurde kinne oer de [[radiofrekwinsje]]s fan 'e [[eter (loft)|eter]]. Soks giet fan 'e eigentlike [[stjoermêst]] nei alle ûntfangende apparaten ynsafier't dy har binnen it berik fan 'e útstjoering befine. Dizze ûntfangende apparaten binne [[telefyzje]]s. Ornaris wurdt mei de term 'telefyzjestjoerder' net sasear de eigentlike apparatuer bedoeld dy't nedich is om telefyzjebylden út te stjoeren, mar de [[organisaasje]] dy't ferantwurdlik is foar it útstjoeren fan sokke strukturearre bylden nei in [[publyk]]: it '''telefyzjestasjon''' of '''tillefyzjestasjon'''.
 
It útstjoeren fan telefyzjebylden kin barre fia [[analoge telefyzje]]synjalen, mar sûnt de begjinjierren fan 'e [[ienentweintichste iuw]] ek fia [[digitale telefyzje]]synjalen. Telefyzjestasjons dy't inkeld [[keabeltelefyzje]] 'útstjoere' kinne eins gjin telefyzjestjoerders neamd wurde, om't der oan keabeltelefyzje feitlik gjin 'útstjoering' te pas komt: it synjaal bliuwt dêrby beheind ta de [[bekeabeling]] dy't fan 'e [[studiotillefyzjestudio]] streekrjocht nei de telefyzjes by it publyk thús rint. In telefyzjestasjon kin op ferskillende frekwinsjes tagelyk útstjoere; sokke ferskillende útstjoerings fan ien stasjon wurde [[telefyzjekanaal|telefyzjekanalen]] neamd. As in groep telefyzjestjoerders ien organisaasje foarmet (wat yn 'e regel bart as se yn it besit kommen binne fan ien mienskiplike eigner), dan sprekt men fan in [[telefyzjenetwurk]].
 
Yn 'e [[Nederlân]]ske kontekst is bgl. de [[Nederlânske Publike Omrop]] in telefyzjestjoerder of in telefyzjestasjon, dat trije telefyzjekanalen beheart ([[NPO1]], [[NPO2]] en [[NPO3]]). De [[kommersje]]le stjoerders [[RTL4]] en [[SBS6]] binne ek telefyzjestasjons. [[RTL Nederlân]], it [[bedriuw]] efter [[RTL4]], [[RTL5]], [[RTL7]] en [[RTL8]], kin oanmurken wurde foar in telefyzjenetwurk, krektlyk as [[SBS Broadcasting]], dat [[Net5]], [[SBS6]], [[SBS9]] en [[Veronica (SBS Broadcasting)|Veronica]] yn besit hat. Telefyzjestjoerders of telefyzjestasjons moatte net betize wurde mei [[omrop]]pen, dy't in poer Nederlânsk ferskynsel foarmje. Dat binne nammentlik útstjoermachtige organisaasjes dy't de stjoertiid fan ien telefyzjestjoerder mei-inoar diele.