Philip Vegelin fan Claerbergen: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Libben en wurk: bs |
→Libben en wurk: bs |
||
Rigel 3:
== Libben en wurk ==
Vegelin wie in soan fan de grytman fan Haskerlân [[Hessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715)|Hessel Vegelin fan Claerbergen]] (1655-1715) en Anna Maria fan Viersen (1653-1696). Hy folge yn 1707 syn heit op as grytman fan Haskerlân. Fan 1713 - 1716 en fan 1728 - 1731 wie hy lid fan [[Deputearre Steaten fan Fryslân]] foar [[Sânwâlden]]. Foar Fryslân wie hy lid fan de [[Ried fan Steat]] (1707-1713) en sûnt 1716 makke hy foar Fryslân diel út fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]].
It jier neidat hy beneamd wie as grytman fan Haskerlân waard hy útstjoerd troch de Steaten-Generaal as deputearre te fjilde nei de [[Súdlike Nederlannen]] yn de [[Spaanske suksesjeoarloch]]. Syn heit nom syn funksje as grytman waar yn Haskerlân. Hy wist belangrike ynformaasje te garjen oer it ferrin fan de oarloch. Nei syn weromkomst yn Fryslân fêstige er him op de [[Heremastate (De Jouwer)|Heremastate]]<ref>De Heremastate wie yn [[1679]] troch oerpake [[Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen]] kocht foar dy syn soan Hessel. Vegelin erfde de Heremastate yn [[1715]], doe't syn heit yn [[Leien]] ferstoarn wie oan de gefolgen fan in blaasstienoperaasje (boarne Tresoar: Famylje Fan Eysinga-Vegelin fan Claerbergen).</ref> op [[De Jouwer]]. Hy joech opdracht ta it oanlizzen fan in [[baroktún]] by dy [[Stins|state]]. Ek wie hy ien fan de inisjatyfnimmers foar de nije wei fan De Jouwer nei [[Akkrum]].
|