Eysingahûs (Ljouwert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
It '''Eysingahûs''' of '''Vegelinhûs''' wie in [[stins]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], oan de [[Turfmerk]] foar de [[Kânselarij (Ljouwert)|Kânselarij]] oer. It gebou wie fan 1881 oant 2013 (ûnderdiel fan it) [[Frysk Museum]].
 
It hjoeddeiske gebou waard in fazes boud tusken 1777 en 1806. It hie as foargonger it Vegelinhûs, dêr't allinnich de 16e-iuwske kelder fan oer is. Dat as ienige yn dizze gevelrige dwers setten hûs foar de Kânselarij oer waard yn 1709 kocht troch [[Hessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715)|Hessel Vegelin fan Claerbergen]], grytman fan [[Haskerlân]] en eigener fan [[Heremastate (De Jouwer)|Heremastate]] op [[De Jouwer]]. Syn heit wie hofmaster fan de steedhâlder en sil it Dekemahûs njonken it [[Steedhâlderlik Hof]] bewenne hawwe.<br>
Oant [[1772]] waard it hûs bewenne troch de bekende skriuwer, riedshear, [[grytman]] en deputearre [[Johan Vegelin van Claerbergen]] (1690 - 1772). Syn soan Hessel, dy't al yn 1750 ferstoar op 27-jierige leeftiid, hat syn Memoires neilitten. It hûs stie rjocht foar de Kânselarij en skean foar it [[Lânskipshûs]] fan de Steaten fan Fryslân oer. De eigener bewenne it hûs benammen as de [[lândei|lândagen]] hâlden waarden en it bestjoer fergadere.