Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L lytsguod
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 4:
 
==Biografy==
Schwartzenberg wie in soan fan de grytman fan [[Barradiel]] [[Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1664-1704)|Wilco thoe Schwartzenberg en Hoenlansberg]] (1664-1704) en Fed Sophia van Goslinga (1660-1727). Syn heit stoar doe't er njoggen wurde moast. Hy waard opbrocht by in omke fan memmekant, [[Sikke fan Goslinga]], grytman fan [[Frjentsjerteradiel (gritenij)|Frjentsjerteradiel]]. Sels folge er yn [[1725]] syn broer [[Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg|Georg Wolfgang]] op as grytman fan Dantumadiel. Fan 1722 oant 1725 wie er lid fan [[Deputearre Steaten fan Fryslân]] foar [[Westergoa]] en yn de jierren 1728 oant 1730 en 1743 oant 1746 wie er deputearre foar [[Eastergoa]].
 
In 1723 besleaten Depurearre Steaten fan Fryslân dat it [[Dokkumergrutdjip]] fanwegen oerstreamingsgefaar ôfsletten wurde moast. Meidat er betûft wie op it mêd fan [[wiskunde]] en [[wetterboukunde]] waard er, tegearre mei syn amtsgenoat [[Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen]], as kommissaris belêstige mei de oanlis fan de ôfslútdyk oer it Dokkumerdjip en de oanlis fan de [[Dokkumer Nije Silen]]. Nei't it wurk yn [[1792]] foltôge wie waard in tinkteken opjochte ''ter eeuwige nagedachtenis van de overdijking van het Dokkumerdiep''. By de feitlike ôfsluting fan it djip wiene beide kommissarissen oanwêzich. Harren wapens krigen in plak op it monumint.