Sinne-opgong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L [[]] oars
 
Rigel 1:
[[File:Sun rise at CuaLo.jpg|right|thumb|230px|Sinne-opgong.]]
'''Sinne-opgong''' is it ferskinen fan 'e [[sinne]] boppe de [[hoarizon]] yn it [[easten]] as gefolch fan 'e [[draaiïng fan de Ierde]]. Dit is in ferskynsel dat op deistige basis foarkomt op 'e iere moarn, hoewol't it yn 'e midden fan 'e [[winter]] op hegere [[breedtegraad|breedten]] letter op 'e moarn plakfynt. Plakken binnen de beide [[poalsirkel]]s, yn it uterste noarden en suden fan 'e [[Ierde]], hawwe teminsten ien [[dei]] yn it jier gjin sinne-opgong, as de [[poalnacht]] oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. It ferskynsel dat tsjinsteld is oan sinne-opgong, as de sinne [[jûn]]s (of winterdeis oan 'e ein fan 'e [[middei (deidiel)|middei]]) wer ûnder de hoarizon sakket, hjit [[sinne-ûndergong]].
 
Krekt as sinne-ûndergong kreëarret sinne-opgong unike atmosfearyske omstannichheden, wêrby't de loft yn it westen faak felle (en gauris as tige moai ûnderfûne) [[kleur]]en oannimt, lykas [[read]], [[pears]], [[rôze]], [[oranje]] en [[giel]]. Sinne-opgong wurdt faak betize mei de [[moarnsdage]], mar is net itselde. De moarnsdage is in perioade fan [[twiljocht]] foarôfgeande oan sinne-opgong, dy't duorret fan it tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne 18° ûnder de hoarizon stiet oant it punt dat er oer de hoarizon hinne komt. Yn dy tiid beskynt de sinne by de bolling fan 'e [[Ierde]] lâns al wol de [[loft]], mar noch net it ierdoerflak. It is dan net rjocht mear [[nacht]], mar oan 'e oare kant is de [[dei]] noch net begûn. Pas as de sinne oer de hoarizon hinne komt en it ierdoerflak ferljochtet, wat gearfalt mei de ein fan 'e moarnsdage, is it dei.