Domtsjerke fan Cefalù: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 37:
De bou fan de domtsjerke wie in inisjatyf fan [[Rogier II fan Sisylje|Rogier II]] om neffens de oerlevering sa de Heare te tankjen foar it sparjen fan syn libben, nei't syn skip yn 1130 foar de noardlike kust fan Sisylje yn in swiere stoarm telâne kaam. It wie it doel dat er letter yn de domtsjerke byset wurde soe, mar hy waard letter byset yn de [[katedraal fan Palermo]]. Mei de bou waard yn 1131 útein set, al eine dy net bot en ferskate kearen waard de fierdere bou útsteld. Lang om let waard de gevel yn 1240 foltôge. It nei foarren springende diel fan de gevel datearret fan 1472 en is in wurk fan Ambrogio da Como.
 
Fanôf 1932 waard de katedraal yn de oarspronklike steat werom brocht. Dêrby waarden lettere tafoegings ferwidere. Tegearre mei de arabysk-normandyske monuminten fan [[Palermo (stêd)|Palermo]] en de [[katedraal fan Monreale]] waard de tsjerke yn 2015 tafoege oan it wrâlderfskip fan [[UNESCO]].
 
== Eksterieur ==