Spion: ferskil tusken ferzjes

11 bytes grutter ,  1 jier lyn
bs
L (+ synonym)
(bs)
 
Der wurdt ûnderskie makke tusken ferskate soarten spionnen. In ynljochtinge-ofsier is in [[wurknimmer]] fan in feilichheidstsjinst. In agint is in bûtensteander dy't net op 'e [[lean]]list fan 'e feilichheidstsjinst stiet en meastal ek net in oplieding folge hat om spion te wurden, mar dêr dochs foar wurket, ornaris yn ruil foar in [[jild|finansjele]] tsjinprestaasje. In [[ynformant]] is immen dy't allinnich mar ynljochtings leveret, soms út eigen beweging, soms tsjin betelling, en soms ek om't hy of sy dêrta [[sjantaazje|sjantearre]] wurdt.
 
Aginten en ynformanten rinne it risiko, as se [[steatsgeheim]]e ynformaasje oan in bûtenlânske macht trochspylje, om foar [[lânferrie]] [[berjochting|berjochte]] en [[fûnis|feroardiele]] te wurden. Fierders is der noch de saneamde [[dûbelspion]], dat in agint is dy't oan beide kanten ynljochtinge-ofsieren fan ynformaasje foarsjocht, wylst in [[mol (spionaazje)|mol]] in agint is dy't willemoeds yn in fijannige feilichheidstsjinst [[ynfiltraasje (militêr)|ynfiltrearret]].
 
==Literatuer==
14.392

bewurkings