Theo van Welderen Rengers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
the year 1995 has been changed into 1955
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 16:
Yn [[Belgje]] seach er dat it bewurkjen fan [[flaaks]] yn Fryslân folle better koe. Sa waard yn [[1898]] in flaaksfabryk opsetten yn [[Mûnein]] en letter noch in twadden-ien. Oant [[1920]] wurken in soad minsken yn it fabryk, mar yn [[1929]] wie it dien. Van Welderen moast Heemstra State ferkeapje en gie nei [[De Haach]] te wenjen. Yn Leien hat er noch kolleezjes jûn oan de [[Universiteit Leien|universiteit]]. Dy kocht ek Heemstra State en dat ynrjochte waard as âldereinhûs.
 
Oan de ein fan sin libben hat er noch in skoft yn [[Toutenburch (Swarteweisein)|Toutenburch]] wenne eardat er oan de Emmakaai yn Ljouwert gie. Flak nei de Twadde Wrâldoarloch is hy dêr ferstoarn.
 
By de [[Frouwepoartsbrêge]] yn Ljouwert stiet in boarstbyld fan Van Welderen dat makke waard troch [[Hildo Krop]], dy't ek it stânbyld fan [[Piter Jelles Troelstra]] by de [[Aldehou (toer)|Aldehou]] makke hat.