Rampefilm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 11:
 
== Skiednis ==
Rampefilms binne al sawat sa âld as it filmmedium sels. De film ''[[Intolerance (film)|Intolerance]]'' ([[1916]]) fan [[D.W. Griffith]] befettet eleminten fan in ramp, krekt as de films út de [[1930-er jierren|tritiger jierren]] ''[[San Francisco (film)|San Francisco]]'' (ierdbeving) en ''[[In Old Chicago]]'' (brân). It sjenre sloech foar master op yn de santiger jierren, nei it súkses fan ''[[Airport (film)|Airport]]''. Films út dy tiid binne ûnder oare ''[[The Poseidon Adventure (1972)|The Poseidon Adventure]], [[The Towering Inferno]]'' en ''[[Earthquake (film)|Earthquake]]''.
 
In koarte weroplibbing krige de guit yn de midden fan de njoggentiger jierren, doe’t [[spesjale effekten]] rampen mei mear spektakel mooglik makken. Yn [[1996]] mong ''[[Independence Day (film)|Independence Day]]'' in [[sciencefiction]]tema (bûtenierdske ynfaazje) mei rampefilmeleminten. Fierder folgen ''[[Twister (film)|Twister]]'', ''[[Daylight (film)|Daylight]]'', ''[[Volcano (film)|Volcano]]'', ''[[Dante's Peak]]'' en de twa meteoritefilms ''[[Armageddon (film)|Armageddon]]'' en ''[[Deep Impact (film)|Deep Impact]]''. Yn [[1997]] ferskynde ek de film ''[[Titanic (1997)|Titanic]]''.