Sweagermieden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 19:
| webside =
}}
De '''Sweagermieden''' is in natoergebiet tusken [[Westergeast (Kollumerlân)|Westergeast]] en [[Damwâld]] besuden [[Driezum]]. It gebiet wurdt foar in diel beheard troch [[Steatsboskbehear]]. De Sweagermieden wurde begrinze troch de [[Petsleat]], de [[Kollumersweachsterfeart]], Easterbroeksterwei en de Miedwei. It iepen lânskip bestiet foar in meastepart út boerelân. De Sweagermieden is ryk oan fûgels, yn de lannen groeit in soad rûkersgers.
 
Benoarden de Sweagermieden rûn destiids de âlde Swimmer dy’t útrûn om de Petsleat. Yn it gebiet binne noch de fjouwer eardere plassen werom te finen, lykas it moeras De Brekken, oan de noardside fan de wettersuveringsynstallaasje by de Petsleat. Yn it iepen lânskip fan greiden lizze boskjes en rûge reidfjilden fan eardere petgaten. Hjir waard yn de 19de en 20ste iuw fean ôfgroeven. Soks barde ek al yn de Midsiuwen doe't de turf brûkt waard foar branje en de stienbakkerij fan it kleaster fan Dokkum. Nei it turfgraven bleau der leech en wiet lân oer dat brûkt waard as healân. De heger lizzende bettere grûn waard brûkt troch de boeren fan [[Kollumersweach]] en [[De Westereen]].