Arnaud Beltrame: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 29:
Beltrame folge in tariedende oplieding oan it [[Militêr Lyseum fan Saint-Cyr]] (ferlykber mei de [[Keninklike Militêre Akademy|KMA]] yn [[Nederlân]]), en ferfolle dêrnei syn [[tsjinstplicht]] as [[ûnderofsier]] (efterinoar) oan 'e Legerartilleryskoalle yn [[Draguignan]], by it Frânske 35e Parasjute-artilleryrezjimint, en by it Frânske 8e Artilleryrezjimint. Dêrnei folge er in algemiene oplieding oan 'e [[École Militaire Interarmes]] (EMIA) yn [[Coëtquidan]], dêr't ûnderofsieren en [[nasjonale reserve|reserve-ofsieren]] oplaat wurde ta [[ofsier]]en. Oanslutend folge er oan 'e [[École des Officiers de la Gendarmerie Nationale]] yn [[Melun]] in oplieding ta ofsier fan 'e [[Nasjonale Sjendarmery]], de Frânske [[maresjesee]] (dy't lykwols yn Frankryk folle mear [[plysje]]taken hat as de [[Keninklike Maresjesee]] yn Nederlân).
 
Neitiid waard Beltrame tafoege oan 'e mobile pânsersjendarmery yn [[Versailles]], in elite-ienheid dy't spesjalisearre is yn krisisyntervinsje, mei as wurkgebiet [[Parys]] en omkriten. Letter tsjinne er by de Parasjute-yntervinsjemacht fan de Nasjonale Sjendarmery (EPIGN), ek yn Versailles. Om't de beskerming fan 'e Frânske [[diplomasy|diplomatike fertsjintwurdigings]] yn it bûtenlân in taak fan 'e Nasjonale Sjendarmery is, tsjinne Beltrame yn [[2005]], ûnder de [[Irakoarloch]], in jier as [[wacht]] fan 'e Frânske [[ambassade]] yn 'e [[Irak|Iraakske]] [[haadstêd]] [[Bagdad]]. Yn dy perioade wied er ûnder mear belutsen by de rêding fan in Frânsk steatsboarger, in die dêr't er yn [[2006]] de Earemedalje fan Bûtenlânske Saken foar ûntfong.
 
Neitiid tsjinne Beltrame as kommandant fan in [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjy]] [[ynfantery]] fan 'e [[Republikeinske Garde (Frankryk)|Republikeinske Garde]], dy't ta taak hat om it [[Élysée]] (de residinsje fan 'e presidint fan Frankryk) te beskermjen en te befeiligjen. Fan [[2010]] oant [[2014]] stied er oan it haad fan 'e sjendarmerykompanjy fan [[Avranches]], dy't diel útmakke fan 'e Departemintale Sjendarmery fan [[Manche (departemint)|Manche]]. Yn [[2015]] begûn er in oplieding [[ekonomy]]ske [[kriminology]] oan 'e École Européenne d'Intelligence Économique yn Versailles, dy't er yn [[2016]] mei goed gefolch ôfrûne. Yn datselde jier waard Beltrame befoardere ta [[luitenant-kolonel]]. Yn [[augustus]] [[2017]] waard er oansteld as adjunkt-kommandant fan 'e Departemintale Sjendarmery fan [[Aude (departemint)|Aude]].