Wilwolt fan Schaumberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 5:
Wiltwolt kaam út in leech-aadlik laach, de [[Schaumberch (eallju)|Schaumberch]]s, dy't fan [[Tueringen]] kamen en dat wiidfersprakele wie. Om troch de tiid te kommen waard hy beropsmilitêr.
 
Yn [[1475]] wurde troch Wiltwolt militêre kampanjes útfierd yn tsjinst fan [[Karel de Stoute]]. Dat jier stjert ek syn heit. Fan [[1480]] ôf tsjinne hy yn [[Brandenboarch]] en beselskippe de greve fan Henneberch op syn reis nei [[Rome (stêd)|Rome]]. De greven fan Henneberch belienden Wiltwolt mei de stêd [[Ilmenau (stêd)|Ilmenau]] (tusken 1476-1498).
 
Yn 1484 hat er meidien oan it Fjouwerlannen toernoai fan Stuttgart en yn 1487 wurdt er kommandant by [[Albrecht fan Saksen]]. De hartoch wurdt troch de Dútske keizer hierd om de Hongaarske kening [[Matthias Corvinus]] te bestriden, dy't grutte parten fan [[Eastenryk]] beset hâlde. Wilwolt fiert de troepen fan Albrecht oan.