Ferskil tusken ferzjes fan "Nachtklup"

14 bytes lytser ,  1 jier lyn
bs
(nije side)
 
(bs)
 
In '''nachtklup''' (ek skreaun as '''nachtklub''' of '''nachtclub''') is in type [[útgean]]sgelegenheid dat syn namme tanket oan it feit dat it yn 'e [[nacht|nachtlike oeren]] iepen is. Sokke saken befine har oer it algemien yn gruttere [[plak]]ken, mar net altyd. Yn noardlik [[Fryslân]] stiet it [[doarp]] [[Berltsum]] bygelyks bekend om 'e kloft nachtklups dy't dêr fêstige binne. By in nachtklup kin it gean om in [[diskoteek]], in nachtlik [[poppoadium]], in [[jazzklup]] of in saak dy't rjochte is op [[eroatysk]] [[fermaak]], mei gastfroulju, [[stripper]]s dy't op [[poadium|poadia]] [[striptease]]s útfiere en mooglik ek mei [[prostituee]]s. Guon nachtklups kombinearje eleminten fan ferskillende fan 'e foarneamde kategoryen. It is ek mooglik dat in nachtklup op ferskillende [[jûn]]en yn 'e [[wike]] in ferskillende funksje hat. Yn sa'n gefal wurdt ornaris útgien fan in fêst skema. Wat de drokste [[jûn]]en binne foar nachtklups ferskilt per plak, mar oer it algemien binne it [[freed]]- en/of [[sneon]]tejûn, mei't de klupgongers dan de oare deis, yn it [[wykein]], [[útsliepen|útsliepe]] kinne.
 
Nachtklups ûnderskiede har fan [[bar]]s, [[pub]]s en [[kafee]]s troch tafoeging fan in [[dûnsflier]] en teffens fan in [[poadium]] foar [[muzikant]]en dy't live [[muzyk]] fersoargje of, yn it gefal fan [[elektroanyske muzyk]], [[house (muzyk)|house]] of [[hiphop]], foar in [[live-discjockey]], dy't [[grammofoanplaat|platen]] draait. Gruttere nachtklups omfetsje faak mear as ien dûnsflier, en soms ek mear as ien poadium dêr't tagelyk [[optreden]] wurde kin. Lúksere nachtklups hawwe fierders faak in [[v.i.p.|v.i.p. VIP-room]] dy't inkeld tagonklik is foar [[pommerant]]en en harren [[entoeraazje]]. Frijwol alle nachtklups hawwe by de [[doar]] ien of mear [[útsmiter (berop)|útsmiters]] om lestige of [[dronkenskip|smoardronken]] [[klant]]en ôf te fieren en [[slaanderij]] en oare swierrichheden bûtendoar te hâlden. By eksklusive nachtklups hawwe sokke útsmiters ek de taak om te bepalen wa't deryn komt en wa net. Soks hat te krijen mei (nei willekeur opstelde) [[kleanfoarskrift]]en, mar it wurdt gauris brûkt om [[rasisme]] te behimmeljen troch bgl. lju mei in [[negroïde|dûnkere]] [[hûdskleur]] te wegerjen op basis fan harren klaaiïng.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.302

bewurkings