Strjitten yn Gersleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Strjitten fan Gersleat to Strjitten yn Gersleat: gelyk oan oare strjittesiden
Tulp8 (oerlis | bydragen)
→‎P: bs
Rigel 26:
 
== P ==
*''P.G. Otterwei'' – neamd nei Piter Otter, nei 1907 bestjoerslid fan it polderberstjoer fan it 4e en 5e feandistrikt en yn 1927 foarsitter. Ien fan de earste dingen dy’t er tariede moast wie de organisaasje fan it bemeallen fan de polder. Oant 1912 mei wettermûnen en in âlde stoommasine, dêrnei mei twa nije stoommasines. Otter wie ek bestjoerslid fan it Boargerlik Earmbestjoer fan Anjewier en letter foar de gemeentlike ynstelling foar maatskiplike helpferliening, fan de Algemiene Fryske Brânwaarboarchmaatskippij “Sânwâlden”. Mar ek fan it Sikefûns Tsjalbert, fan de Fryske Koöperative eksportslachterij yn Akkrum en fan de koöperative Oankeapferiening Fryslân ([[Koöperative Oankeapferiening Fryslân|CAF]]). Boppedat wie Otter bestjoerslid fan de toanielferiening DITO yn Tsjalbert, fan iisklub 'Oller' en fan de frijwillige Brânwar yn Tsjalbert dêr’t hy brânmaster wie). De wei komt as 'de Kadijk langs de Achter-Vaart' al foar op de kaart fan Eekhof fan 1854.
*''Poolsbrêge'' – Namme foar de brêge yn Gersleat oer de Heafeart oan’e ein fan de "Deelenwei". Neamd nei Tsjibbe Pool, ien fan de kastleins fan it kafee by de brêge dy’t ek brêgewachter wie.