Mortal Kombat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
[[Liu Kang]] docht mei oan it toernoai om it wer yn lykwicht te bringen. [[Johnny Cage]], in kriger/filmstjer, docht ek mei en rekket befreone mei Liu Kang. Lin Kuei-kriger [[Sub-Zero]] docht ek mei, op útnûging fan Shang Tsung, mar ek de libbene deade ninja [[Scorpion]] dy't Sub-Zero dea dwaan wol, om't er tinkt dat Sub-Zero ferantwurdlik west hat foar syn dea. [[Raiden]], de god fan tonger, is ek troch Shang Tsung persoanlik frege, en docht yn in minskefoarm mei oan it toernoai.
 
[[Kano]], de wichtichste dief fan de Black Dragon Clan, wurdt achterfolge troch de spesjale ôfdieling fan it Amearikaanske leger, dy't laat waard troch [[Sonya Blade]]. Kano komt úteinlik yn in boat nei it toernoai, dêr't er Shang Tsungs paleis plonderje wol (neffens geroften binne de muorren fan goud makke). As Sonya dêr oankomt, wurdt se tsjinholden troch it leger fan Shang Tsung. Hja hat gjin kar, dat se moat meidwaan oan it toernoai. Dêrmei is it toernoai folslein en set it útein.
 
== Karakters ==