Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 33:
* ''Skandebankjes''
:In [[ferhalebondel|bondel]] [[ferhalen|ferhaaltsjes]] dy't allegear te krijen hawwe mei Frjentsjer en it dwaan en litten fan stedsjers dy't omtrint [[1800]] libben. Dat dwaan en litten hat yn dizzen benammen te krijen mei de skaadkanten fan it libben. Men komt dêr yn kontakt mei in oar Frjentsjer en fral ek mei in oar slach Frjentsjerters as yn 'e [[skiednis]]boeken fan Hallema en Algra beskreaun is. Gauris binne it lju dy't by har [[berte]] in ferkeard lotsje lutsen hawwe en sadwaande oan 'e ûnderkant fan 'e [[maatskippij]] besykje te oerlibjen. Mar skyn bedraacht, want ek boppe yn 'e beam hingje rotte apels!
: De ferhalen binne allegear wier bard. Se binne basearre op boarnen dy't bewarre bleaun binne yn 'e [[argyf|argiven]] fan it [[Nedergerjocht]], it [[Hof fan Fryslân]], de [[arrondissemint]]srjochtsbank en de [[Universiteit fan Frjentsjer]], en dy't no op 'e noed binne by [[Tresoar]], yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. In bysûndere boarne, dy't yn in protte ferhalen in [[humor]]istyske rol spilet, is it bynammeboekje ''De Keutelstoker''. Dy publikaasje, dy't basearre is op in [[hânskrift (dokumint)|hânskrift]] fan [[Paulus Scheltema]], is yn [[1977]] útjûn troch [[Telenga's Drukkerij B.V.]] It omfiemet sawat 600 [[bynamme]]n fan Frjentsjerters tusken rûchwei [[1750]] en [[1825]], en dat is krekt it tiidrek dêr't har de ferhalen út ''Skandebankjes'' yn ôfspylje.
* ''Franeker Woardeboek''
:It [[wurdboek]] fan it Frjentsjertersk is in projekt fan jierren. Oant en mei [[2017]] wiene der goed 6.000 [[wurd]]en ynfierd. It stribjen is in omfang fan 15.000 [[lemma|lemma's]]. It wurdboek sil úteinlik [[ynternet|digitaal]] te rieplachtsjen wêze. Ek no al kin men, fia de webside fan it Genoatskip, meisjen nei de fuortgong fan it ''Franeker Woardeboek'', en men kin sels al de al ynfierde wurden rieplachtsje. Mooglik ferskynt it wurdboek as it reekomt ek yn druk.