Spaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
L stav
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
It âldst bekende gebrûk fan it brûken fan tekens om wurden te skieden is fan fier foar it begjin fan ús [[jiertelling]]. Yn [[Syrië]] binne [[klaaitablet]]ten fûn fan sawat 1400 jier foar Kristus mei in alfabetysk [[spikerskrift]] dêr’t de wurden troch spaasjes of streekjes faninoar skaat wurde. Der binne ek foarbylden bekend fan it brûken fan wurdskiedingstekens yn it [[Hebrieusk]], [[Gryksk]] en [[Arameesk]] fan fier foar it begjin fan ús jiertelling. Sa binne der Arameeske [[transkripsje (paleografy)|transkripsje]]s bekend út de njoggende iuw foar Kristus dêr’t de wurden yn skaat binne.
 
Yn it [[Latynsk]] en it Gryksk waard al fan it begjin ôf gebrûk makke fan it [[kontinuskrift]] ('scriptio continua’), dêr’t alle wurden by yn in lange rige yn haadletters efterinoar skreaun waarden. Teksten waarden destiids meast opskreaun om se letter lûdop foardrage te kinnen foar publyk en dat barde komselden sûnder yngreven tarieding. De opskreaune tekst wie benammen as stipe foar it ûnthâld en it wie dan ek net wichtich dat de tekst flot lêzen wurde koe. Earst letter - doe’t teksten ek folle mear as kommunikaasjemiddel brûkt waarden - ûntstie ferlet fan in teken foar wurdskieding om teksten better lêsber te meitsjen.