Evangeelje fan Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 37:
== Oerienkomsten mei de oare evangeeljes ==
Teologen beskôgje it ''Evangeelje fan Mattéus'' net as in eachtsjûgeferslach fan it dwaan en litten fan Jezus, mar as in lettere optekening dêrfan op grûn fan trije ûnderskate boarnen (de saneamde trijeboarneteory, dy't hjoed de dei troch de measte saakkundigen oanhongen wurdt). Yn it foarste plak spile dêrby it ''[[Evangeelje fan Markus]]'' in wichtige rol, dat foar 94% suver wurd foar wurd yn ''Mattéus'' oernommen is en dêrmei 55% fan ''Mattéus'' foarmet. Oard is der de hypotetyske samling (of samlings) fan siswizen en útspraken fan Jezus dy't ''[[boarne Q|Q]]'' neamd wurdt (nei it [[Dútsk]]e wurd foar "boarne", ''Quelle''). De ynhâld fan boarne ''Q'' foarmet 25% fan ''Matteús''. Materiaal út ''Markus'' en ''Q'' waard ek foar in grut part brûkt om it ''[[Evangeelje fan Lukas]]'' gear te stallen; sadwaande lykje ''Markus'', ''Mattéus'' en ''Lukas'' tige opinoar en wurde se de [[synoptyske evangeeljes]] neamd (yn tsjinstelling ta it ''[[Evangeelje fan Jehannes]]'', dat gâns ôfwykt). Ta ein beslút is der dan noch materiaal dat inkeld yn ''Mattéus'' foarkomt; dat foarmet sa'n 20% fan it evangeelje. Omset yn fersen is de sitewaasje sa: ''Mattéus'' bestiet út 1071 fersen; dêrfan komme der 387 ek foar yn sawol ''Markus'' as ''Lukas''; 184 komme inkeld ek foar yn ''Lukas''; 130 komme inkeld ek foar yn ''Markus''; en 387 fersen binne unyk.
[[Ofbyld:The Evangelist Matthew Inspired by an Angel.jpg|left|thumb|250px|De [[apostel]] [[Mattéus (apostel)|Mattéus]] wurdt troch in [[ingel]] ynspirearre ta it skriuwen fan syn [[evangeelje]]. (In skilderij fan [[Rembrandt]].)]]
 
== Boadskip ==