Súdwesten (Feriene Steaten): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L katsort
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 5:
Hast it hiele Súdwesten makke foarhinne ûnderdiel út fan 'e [[Spanje|Spaanske]] [[koloanje]] [[Nij-Spanje]], dy't yn [[1821]] syn ûnôfhinklikheid wûn ûnder de namme [[Meksiko]]. Pas nei de [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]] moast Meksiko it Súdwesten yn [[1848]] oan 'e Feriene Steaten ôfstean, wylst in diel fan súdlik Arizona earst troch de [[Gadsden-oankeap]] fan [[1853]] yn Amerikaanske hannen kaam. Yn 'e tiid fan it [[Wylde Westen]] wie it Súdwesten ien fan 'e lêste gebieten dêr't noch fochten waard mei de [[Yndianen]], mei't de [[Apachen|Apache]]-lieder [[Geronimo]] (Goyaałé) oant [[1886]] oanhold mei ferset te bieden tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking.
 
As men útgiet fan 'e fiif kearnsteaten fan it Súdwesten (Arizona, Nij-Meksiko, Nevada, Utah en Kolorado), dan hat de krite rûchwei 19 miljoen ynwenners. De grutste stêd yn it gebiet is [[Phoenix (Arizona)|Phoenix]], yn Arizona, folge troch [[Denver]], yn Kolorado, [[Las Vegas (Nevada)|Las Vegas]], yn Nevada, [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], yn Nij-Meksiko, en [[Tucson (Arizona)|Tucson]], yn Arizona. De befolking fan it gebiet omfiemet in grutte [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]]-mienskip, wêrfan't in oansjenlik diel al yn it gebiet wenne foar't it yn [[1848]] by de Feriene Steaten kaam te hearren. Ek libje der grutte [[Yndianen|Yndiaanske]] groepen yn it Súdwesten, wêrfan't de [[Navaho (folk)|Navaho]] mei goed 250.000 minsken de grutste kloft fan útmeitsje.
 
{{boarnen|boarnefernijing=