Abraham Bloemaert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 12:
Bloemaert gie it foar de wyn, want yn [[1617]] kocht er in grut hûs oan it Mariatsjerkhôf, it sintrum fan de katolike mienskip yn Utert. Yn tsjinstelling ta de protestantske Moreelse, soe er nea in rol spylje yn de Utertske polityk. Wol krige er fanwege syn katolike oertsjûging ferskate opdrachten út de súdlike Nederlannen.
 
Bloemaert hie goede kontakten yn it yntellektuele fermidden. De Utertse âldhedenkenner [[Aernout van Buchel]] wie er befreone mei. Bloemaerts studio waard yn [[1626]] besocht troch [[Elizabeth Stuart, keninginne fan Bohemen|Elizabeth Stuart]], de eardere keninginne fan [[Bohemen]], en it oare jier troch [[Peter Paul Rubens|Rubens]].
 
Bloemaert moat in bejeftige learaar west hawwe, want syn fjouwer soannen (wêr't [[Adriaen Bloemaert]] ûnder wie) waarden skilder, en hy hat noch in grut tal oaren oplaat. Om't in protte fan syn pupillen ferneamd wurden binne, wurdt Bloemaert wol de heit fan de 17e-iuwske [[Utertske Skoalle (skilderkeunst)|Utertske skilderskoalle]] neamd. Bloemaert leit begroeven yn de [[Katarijnetsjerke (Utert)|Katarijnestjerke]] yn Utert.