Keninkryk Susseks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 6:
De stichting fan it keninkryk fan de Súd-Saksen wurdt beskreaun yn de [[Angelsaksyske Kronyk]], dy’t seit dat yn it jier 477 [[Aelle fan Sussex|Aelle]] , yn trije skippen mei syn trije soannen, oankaam yn in plak mei de namme Cymenshore. Ut it tiidrek 491 oant 607 binne der gjin skriftlike boarnen oer Susseks bekend.
 
De Saksen namen de stêd Regnum yn, it lettere [[Chichester (stêd)|Chichester]], en ferdreune de oarspronklike befolking nei it westen. It Romeinske fort [[Anderida]] krigen se ek yn hannen. Aelle fan Susseks, ien fan de foarnaamste Saksyske stamhaden, wie neffens [[Beda]] de earste [[Bretwalda]]. Nei syn regear waard de betsjutting fan Susseks minder en fan 823 ôf waard it folslein oerhearske troch it keninkryk [[Wesseks]]. Susseks wie ien fan de ûnderstelde sân Angelsaksyske keninkriken, dy’t wol bekend binne as de [[heptargy]].
 
Fan 895 ôf hie Susseks algeduerich te krijen mei oanfallen fan de [[Wytsingen]] (Denen) en yn 1011 wie Susseks, mei it grutste part fan Súdeast-Ingelân yn hannen fan de Denen.