Jager-samler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[Ofbyld:Caveman 8.jpg|thumb|Jager út de [[Stientiid]] (tekening begjin 20e iuw)]]
"'''Jager-samler'''" is de beneaming foar de [[minske]] út de [[prehistoarje]] dy't him yn libbe hâlde moast troch de [[jacht (aktiviteit)|jacht]] en/of it sammeljen fan [[planten]]. Dizze wize fan libjen waard troch de measte folken letter ferfongen troch de [[lânbou]].
 
Yn de skiednis fan de minske beslacht it tiidrek dat sy foar harren deiliks bestean ôfhinklik wienen fan jagen en sammeljen fierwei it grutste part. Nei alle gedachten hawwe de ierste minske-eftigen benammen plantaardich fiedsel ieten (woartels, beien, siedden, fruchten, nôt, fûgelaaien en ynsekten), en allinnich fleis as sy tafallich in dea bist op har wei fûnen. Letter makken minsken [[ark]] en wurken tegearre om better jeie te kinnen. En troch bettere jachtmetoaden, de útfining fan de spearwerper, pylk-en-bôge en de domestisearring fan de [[hûn]] koe de opbringst fan de jacht tanimme.