Quito: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 26:
'''Quito''' (offisjele namme, [[Spaansk]]: '''San Francisco de Quito''') is de [[haadstêd]] fan [[Ekwador]] yn it noard-westen fan [[Súd-Amearika]]. De stêd leit yn noard-sintraal Ekwador yn de delling fan de rivier [[Guayllabamba]], op de eastskeanten fan de fulkaan [[Pichincha]], in noch aktive [[stratofulkaan]] yn it [[Andes]]berchtme. Mei in befolking fan 1.397.698 neffens de lêste folkstelling yn 2001, en 1.504.991 yn 2005, neffens in rûzing fan de gemeente, is Kwito de twads grutste stêd fan Ekwador, nei [[Guayaquil]]. Kwito is ek de haadstêd fan de provinsje [[Pichincha (provinsje|Pichincha]] en de sit fan it kanton Quito. Yn 2008 waard de stêd oanwiisd as haadkertier fan de [[Uny fan Súd-Amearikaanske Naasjes]].
 
It ''Plaza de La Independencia'', it sintrale plein fan Quito, leit op in hichte fan 2800 m; it makket Kwito de twds heechst lizzende regearingstêd fan de wrâld (nei [[La Paz (Bolivia)|La Paz]], [[Bolivia]]).
 
It grutte sintrale plein fan Quito leit sa'n 25 kilometer besuden de [[evener]]. In monumint en museum jouwe rûchwei it plak fan de evener oan, pleatslik bekend as ''la mitad del mundo'' ('it midden fan de wrâld).