Ferskil tusken ferzjes fan "Rabanus Maurus"

18 bytes grutter ,  6 moannen lyn
 
Rabanus kearde twa jier letter nei [[Fulda]] werom, dêr't er it tafersjoch krige oer de skoalle, dy't ûnder syn lieding útgroeide ta ien fan 'e wichtichste sintra fan wittenskip en de produksje fan manuskripten yn [[Jeropa]]. Yn dyselde snuorje stalde er nei alle gedachten ek syn gearfetting fan 'e grammatika fan [[Prissianus]] gear, dy't de hiele fierdere [[Midsiuwen]] troch rûnom brûkt waard.
 
Yn [[814]] waard Rabanus ta preester wijd. Koarte tiid letter, lykwols, moast er fanwegen wat wierskynlik in skeel mei syn abt Ratgar wie, Fulda in skoft ferlitte. Lange tiid hat men tocht dat dizze ferballing foar him oanlieding wie om in [[pylgerreis]] nei [[Palestina]] te ûndernimmen, op grûn fan in obskuere ferwizing nei syn oanwêzigens yn it [[Hillige Lân]] yn syn kommentaar op it bibelboek ''[[Jozua (bibelboek)|Jozua]]''. Mar dy passaazje is in sitaat fan 'e [[tsjerkfaar]] [[Origenes]], en it wie Origenes dy't yn Palestina wie, ynstee fan Rabanus.
 
Hoe dan ek, nei't yn [[817]] Ratgar kommen wie te ferstjerren en as abt opfolge wie troch [[Eigil fan Fulda|Eigil]], kearde Rabanus nei Fulda werom. Doe't Eigil yn [[822]] stoar, waard er sels de nije abt fan it kleaster. Yn dy rol wied er tige súksesfol en effisjint, oant er yn [[842]] it abtskip opjoech om mear tiid foar [[literatuer]] en [[gebed]] te hawwen, en him weromloek yn it deunby leine kleaster Sint-Pitersberch. Fiif jier letter, yn [[847]], waard er lykwols as opfolger fan Otgar ta aartsbiskop fan [[Mainz]] keazen, en wied er twongen om syn klúznersbestean op te jaan. Rabanus stoar yn [[856]] te [[Oestrich-Winkel|Winkel]], oan 'e [[Ryn]].
14.086

bewurkings