Bûdapest: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L →Keppeling om utens: defsort |
→Skiednis: bs |
||
Rigel 33:
Yn [[1526]] makkke de Turken in ein oan it Hongaarske ryk en ferovere de stêd. Fan 1686 ôf wie Bûdapest yn [[Eastenryk]]ske hannen en kaam ûnder Habsburgsk bewâld, dat oant 1918 oan de macht bliuwe soe. Yn dy tiid makket benammen Pest in mânske groei troch, en op de ein fan de 19e iuw bedroech de befolking om-ende-by 730.000 ynwenners.
Yn de [[20e iuw]] waard de stêd fierder útwreide mei de nije stêdsdielen (Újpest, Kispest, Angyalföld). De [[Twadde Wrâldkriich]] wie dramatysk mei de deportaasje en ferneatiging fan de grutte joadske mienskip troch de [[nazi]]s dy't de stêd yn [[1944]] besetten. De befrijing troch de [[Sowjet-Uny]] wie feitlik in nije besetting mei as djiptepunt it delslaan fan de [[Hongaarske Opstân (1956)|Hongaarske opstân]] yn [[1956]] troch deselde Sowjet-Uny. Dizze foarfallen hawwe alle har spoaren neilitten yn it stêdsbyld. Begjin 80-jierren berikte de befolking fan de stêd har omfang.
Sûnt yn [[1989]] de nije Republyk Hongarije útroppen waard, is de stêd it toaniel west fan grutte herfoarmingen. De weromkomst fan de frije merkekonomy hat it stêdsbyld tige ferlibjend. De befolkingsgrutte is lykwols fierder ôfnommen.
== Demografyske ûntjouwing ==
|