Keninkryk Kent: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
"Cantware" betsjut "lju dy’t yn Kent wenje".
[[Ethelbert fan Kent|Aethelberht]], dy’t om [[600]] hinne regearde, is wierskylik de meast bekende kening fan Kent. Hy wurdt neamd as [[bretwalda]], neffens de boarnen hâldt dat yn dat syn 'imperium' (opperkening oer oare keningen) hiel súd-Ingelân (besuden de rivier [[Humber (estuarium)|Humber]]) omfieme. Tige wichtich is ek dat er de earste Agelsaksyske kening waard dy’t him ta it [[Kristendom]] bekearde. Dit waard dien troch [[Augustinus fan Canterbury|Augustinus]], dy’t yn [[598]] mei 40 muontsen yn Kent oankaam. Augustinus waard [[aartsbiskop fan Canterbury]], en ek [[Rochester]] waard in biskopssit. De oanwêzigens fan in aartsbiskop makke Kent yn de neikommende iuwen wichtiger as’t it faaks oars west hawwe soe.
 
Hoewol’t de neikommende keningen net mear de macht berikten dy’t Aethelberht hie, bleau it oant [[685]] in ûnôfhinklike en machtige steat. Under [[Withred fan Kent|Withred]] ([[694]]-[[725]]) gie it wol wer better, mar syn soannen [[Ethelbert II fan Kent|Aethelberht II]] (kening fan east-Kent oant 762) en [[Aedbert II fan Kent|Eadberht II]] (kening van west-Kent oant 748) moasten sa it liket de oerhearskippij fan [[Aethelbald fan Mersia]] erkenne.