Anna Maria fan Schurman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Daam (oerlis | bydragen)
L stavering
Rigel 7:
Yn [[1613]] nei de dea fan har heit ferhuzet se nei [[Utert]], mei har mem en twa muoikes. Yn 1636 studearre se as de earste froulike studint op de [[Universiteit fan Utert]]. Froulju mochten yn dy tiid eins net studearje, as Anna les krige dan moast se efter in grut gerdyn sitte sadat de manlike studinten har net seagen. Anna hie ferskate ynteresses lykas literatuer en ferskillende takken fan wittenskip mar se wie foaral ynteressearre yn [[Teology]]. Se wie ynearsten in folgeling fan [[Gisbertus Voetius]], mar waard letter in folgeling fan [[Jean de Labadie]], hoewol't hja befreone bleau mei de famylje Voetius.
 
Anna Maria ûntwikkele har ek yn de keunst. Se produsearre [[gravueres]]. Dit dydie se troch mei [[diamant]] op glês te skrassen. Se waard in ekspert op it gebied fan byldhâldenbyldhouwen, se koe goed modelenmodellen meitsje fan bijewaaks, ek wie se goed yn it snijen yn ivoar en hout. Se skildere en dan benammen portretten.
 
Yn 1664 moete se Jean de Labadie, in [[Jezuïten|Jesuit]] dy’t bekeard wie ta it [[protestantisme]]. Hy starte in religieuze sekte mei de namme [[Labadism]]. Anna Maria wie fassinearre troch Labadie en syn ideeën waarden in help yn it libben fan Anna Maria. De sekte ferhuze nei [[Amsterdam]] mar wie dêr net wolkom. Se ferhuzen noch in kear, no nei [[Altona]] (doe [[Denemark]], en no [[Dútslân]]), dêr ferstoar Jean de Labadie yn 1674. Dêrnei ferhuze de groep nei [[Wiuwert]] yn [[Fryslân]], dêr't Anna Maria sels ferstoar. It Labadisme ferdwûn likernôch 70 jier letter.