Ferskil tusken ferzjes fan "Timóteüs (apostel)"

(st)
 
Timóteüs wurke nau mei de apostel [[Paulus (apostel)|Paulus]] gear en him waarden allerhanne taken tabetroud by de soarch foar de noch lytse en jonge kristlike mienskippen. As soan fan in Gryk wie Timóteüs lykwols net besnien. Alhoewol't de besnijing foar kristenen net needsaaklik wie, soe dit wol ta swierrichheden liede kinne by it preekjen yn de synagoge. Dêrom liet Timóteüs him fan Paulus besnije, sa't er mei it bringen fan it evangeelje makliker tagong krige by de Joaden.
 
Timóteüs reizge mei Paulus nei Troäs, nei Filippi, nei Tessaloníka, Beréa en Korinte. Hy skreau brieven mei Paulus en wie by Paulus yn Rome doe't er finzen siet. Paulus stjoerde Timóteüs nei ferskate gemeenten om te helpen by de opbou en de ferdjipping yn it leauwen. En doe't Paulus foar de twadde kear finzen siet yn Rome hie Timóteüs de lieding oer de gemeente yn Efeze en moast er dêr de dwaallear tsjingean. Yn [[Brief oan de Hebreeërs|Hebreeërs]] 13:23 wurdt skreaun dat Timóteüs sels ek fêst sitten hat fanwegen it leauwen.
 
Paulus liet dúdlik blike dat Timóteüs him tige tadien wie. Hy joech heech op fan de trou fan Timóteus, sa't in soan trou wie oan syn heit ([[Filippiërs]] 2:22). Yn syn earste brief oan de gemeente fan Korinte neamde Paulus Timóteüs syn "leave en trouwe soan" <ref>1 Korintiërs 4:17</ref>. Paulus skreau twa brieven oan Timóteüs. De earste brief skriuwt Paulus oan syn "echte soan yn it leauwen" <ref>1 Timóteüs 1:2</ref> Yn de twadde brief rjochtet Paulus him ta "syn leave jonge" <ref>2 Timóteüs 1:2</ref>
14.302

bewurkings