Kanon (kultuer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ek noch
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
Rigel 1:
Mei in '''kanon''' wurdt it gehiel fan [[tekst]]en, [[byld]]en, [[keunstwurk]]enkeunstwurken en foarfallen bedoeld dat it referinsjeramt is fan in dielde [[kultuer]] of [[religy]]. [[Etymology]]sk komt it [[wurd]] fan it [[Aldgryksk]]e κανών, ‎''kanṓn'', dat "mjitstêf" of "standert" betsjut. It byhearrende [[eigenskipswurd]] is 'kanonyk'.
 
It idee fan in kanon is kontroversjeel. Neffens guons is de kanon fan grutte masterwurken yn de literatuer konservatyf en ûnferoarlik, wat kulturele fernijing behinderet. De masterwurken wurde tefolle bewûndere en op in fuotstik setten, wêrtroch't krityske stúdzje te min romte kriget. De kanon soe elitêr wêze, ûnderdiel fan de 'high culture'. De filosoof en sosjolooch Pierre Bourdieu wol ha dat de kanon foar de elite it middel by útstek is om him te ûnderskieden.