Country: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Utsoarte wiene der muzisy dy't besochten mei har muzikaal kinnen troch de tiid te kommen. Yn earste ynstânsje gong it benammen om [[dûns]]muzyk. Neist de grutte dûnsorkesten kamen der ek lytsere groepen, de saneamde [[stringband]]s, yn in hiel fariearre gearstalling. Der wurdt faak wol by songen, mar selden troch solisten. (Oer it algemien wurdt [[Roy Acuff]] sjoen as de earste grutte solo-sjonger yn de countrymuzyk).
 
In soad artysten waarden bekender troch allerhande radiostasjons. Yn [[Nashville (Tennessee)|Nashville]] waard in radiostasjon oprjochte troch in fersekeringsmaatskippij, de ''National Life & Accident Insurance Company''. De ropletters fan it stasjon wiene WSM ("We Shield Millions" = "Wy beskermje miljoenen"). De earste útstjoering wie yn novimber [[1925]]. It wie in streekrjochte útstjoering fan it optreden (mei publyk) fan in [[fiddler]] fan 80, dy't de reputaasje hie dat er mear as 1.000 ferskes koe. De oankundigings waarden dien troch [[George D. Hay]], dy't it programma ''WSM Barn Dance'' neamde. Soks nei oanlieding fan de ''National Barn Dance'', in soartgelikense sjo, dy't er yn [[Chicago]] produsearre hie. It programma waard alle sneonen út in studio op de fyfde ferdjipping fan it kantoar fan de maatskippij wei útstjoerd. Yn [[1928]] krige it programma (by tafal) fan Hay de namme dy't it no noch hat, ''[[Grand Ole Opry]]''. It programma waard och sa populêr en hat in ferskuorrend grutte betsjutting hân foar de ûntjouwing fan de countrymuzyk.
 
De earste oanset ta de hjoeddeiske countrymuzyk wurdt taskreaun oan [[Jimmie Rodgers]], de ''Father of Country Music''. Hy makke syn earste plaatopname foar Victor Records op [[1 augustus]] [[1927]] yn Bristol, Virginia. Op de plaat fan Rodgers stiene in sintimintele ballade, ''The Soldier's Sweetheart'' en in sliepsankje, ''Sleep, Baby, Sleep''. De plaat hie fuortdaliks in soad súkses en dus waarden yn datselde jier noch mear opnames makke, wêrby de earste fan (lang om let) in searje fan 13 ''Blue yodels'', mei as titel ''T. for Rexas''. Jimmie Rogers wie minnich en stoar al yn [[1933]] oan tuberkuloaze. Nettsjinsteande dy koarte muzikale karriêre wie er fan grutte ynfloed.