Jom Kipoer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 4:
Yn [[Levitikus]] 16 wurde de regels jûn foar Jom Kipoer, it wurdt ek wol de grutte fersoendei neamd. It is de ienichste dei dat in Minsk, it hillige fan it hillige binnengean mei om bloed op de kappórèt te sprinkeljen. Dit mei allinnich de hegepryster dwaan.
 
Nei it fernielen fan de timpel yn [[70]] nei Kristus koe it foarskreaune ritueel net mear syn beslach krije. Mar dôchs wurdt dizze dei noch altyd fierd. It is dei fan net ite, fan ynkear en omkear. Jom Kipoer falt op de tsiende dei nei [[Rosj Hasjana]], de nijjiersdei. De tsien dagen foar Jom Kipoer binne dagen fan ynkear, op dizze dagen tinkt men nei oer eventuele rûzjes en oft men der sels mei skuld oan hat. Foar fersoening is berou en ynkear nedich. Op Jom Kipoer mei nimmen wat ite, útsein de minsken dy’t siik binne en de bern. Men wasket en salvet harren net op dizze dei. De minsken hawwe wite klean oan, se drage gjin jewielen en se meie gjin learen skuon drage. De manlju drage by de tsjinst in gebedsmantel en faak in deakleed. De [[synagoge]] bliuwt dei en nacht iepen, en der binne guon minsken dy’t dan 24 oeren yn de synagoge bliuwe.
 
Jom Kipoer begjint mei it gebed ''[[kol nidree]].'' De folgjende dei wurdt Levitikus 16 en 18, [[Numery]] 29, [[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]] 57 en 58 en [[Jona (bibelboek)|Jona]] lêzen. En kear op kear wurdt bidden om ferjouwing foar alle minne dieden dy’t men dien hat. By dizze gebeden slacht men him op 'e boarst. Under it bidden gean de minsken twa kear op de knibbels. Op Jom Kipoer wurdt ek in preek hâlden. Dit bart oars net faak. Oan 'e ein fan de dei klinkt noch in eingebed, mei op 'e ein sân kear de oprop fan it folk by [[Elia]] op de Karmel: ‘de Heare, hy is God’. Dan klinkt noch it sjofar. Direkt dy jûn wurdt der al wer begûn mei it folgjende Joadske feest: It [[leafhuttenfeest]].