Ieren (folk): ferskil tusken ferzjes
Nedige siden: 262 keppelings |
(Gjin ferskil)
|
De ferzje fan 7 nov 2020 om 13.15
De Ieren (Iersk: Éireannaigh, Gaeil, Ulster-Skotsk: Erse fowk) foarmje in befolkingsgroep dy 't (oarspronklik) foarkomt op it noardwestlike Europeeske eilân Ierlân.
Keltysk of net
De ienige reden wêrom't Ierlân as Keltysk sjoen wurdt, is fanwege it feit dat it in Keltysk sprekkend lân is. It Iersk-Gaelysk is wol in Keltyske taal, mar dit is gjin bewiis genôch om beweare te kinnen dat Ierlân oerfallen is troch Kelten. Der binne in soad oare manieren wêrop in taal in lân berikt, en de taal soe yn Ierlân oankomd wêze kinne mei de hannel. Boppedat, beweare guons, soe de Ierske taal Ierlân berikt hawwe kinne doe't de earste minsken oankamen yn 10.000 f.Kr. De Ierske taal, of de Keltyske talen soene da dus folle âldder wêze kinnen as't tsjintwurdich miend wurdt.
Ierske diaspora
Ierske emigranten hawwe har oer it grut part fan de wrâld ferspraat. Benammen op plakken dy't ûnderdiel foarmje of foarmen fan it Britsk Mienebest. It resultaat is dat de Ieren dy't yn Ierlân berne binne mar in lytse ûnderdiel foarmje (5 miljoen) fan it totaal tal minsken fan Iersk komôf (85 miljoen), wêrfan de measten yn de Feriene Steaten.
Oersjoch
In list fan lannen en gebieten mei in grutte populaasje fan (diels) Ierske komôf:
- Republyk Ierlân: 4.952.473 yn Ierlân berne
- Feriene Keninkryk: 1.811.000 yn noard-Ierlân, 750.000 yn Ierlân berne
- Feriene Steaten: 34.487.790 fan ierske komôf en 5.323.888 fan Ulster-Schotke komôf
- Kanada: 3.822.665
- Austraalje: 1.900.000
- Argentynje: 500.000
- Nij-Seelân: 73.047
- Dútslân: 10.000