Joe Biden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L noch in pear dinkjes
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 66:
Op [[25 april]] [[2019]] stelde Biden him ferkiesber foar de [[Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)|Amerikaanske presidintsferkiezings]] fan [[2020]]. Yn 't earstoan liek er de favoryt foar de oerwinning, mar in [[skandaal]] om syn soan Hunter hinne, dy't belutsen west hawwe soe by [[korrupsje]] yn 'e [[Oekraïne]], smiet in skaad oer syn kampanje. [[Presidint]] [[Donald Trump]] hold út dat Joe Biden syn ynfloed yn it bûtenlân brûkt hawwe soe om syn soan de hân boppe de holle te hâlden. Biden sels ûntstried dat yn alle toanaarden. Yn [[septimber]] [[2019]] die bliken dat Trump syn Oekraynske amtsgenoat [[Volodomyr Zelenski]] ûnder druk set hie om in formeel ûndersyk nei de Bidens te iepenjen. Dat late ta it [[Oekraïneskandaal]] yn 'e Amerikaanske [[polityk]] en ta Trump syn [[impeachment]] yn it Hûs fan Offurdigen yn [[desimber]] [[2019]].
 
By de earste [[foarferkiezing]]s fan 'e Demokratyske Partij, dy't yn [[febrewaris]] holden waarden, sloech Biden noch gjin dûk yn in pakje bûter en lieken syn kânsen op 'e oerwinning fersjoen. Yn [[maart]] oppenearre er him lykwols frij hommels as de favoryt. Hy fersloech by de foarferkiezings û.o. [[Pete Buttigieg]], [[Amy Klobuchar]] en [[Elizabeth Warren]]. Syn lêste rivaal, de âlde [[sosjalist]] [[Bernie Sanders]], joech (mei omreden fan 'e oangeande [[koroanfiruspandemy (2019-2020)|koroanapandemy]]) op [[8 april]] [[2020]] de striid op, wêrnei't de Demokratyske nominaasje Biden net mear ûntgean koe. Hy keas [[Kamala Harris]], in heal [[negroïde|swarte]], heal-[[Yndia]]aske [[frou]]like [[Amerikaanske Senaat|senator]] út [[Kalifornje]] as syn ''[[fise-presidint|running mate]]''.
 
Yn 'e kampanje foar de eigentlike presidintsferkiezings, dy't op [[3 novimber]] [[2020]] holden waarden, stelde Biden him op as in fermoedsoener. Hy woe de Feriene Steaten, dy't ûnder it presidintskip fan Donald Trump slim polarisearre rekke wiene, wer ta ien naasje ferienje. Dy opstelling stie yn skril kontrast ta it moddergoaien en de oanhâldende fertochtmakkings oan syn adres dêr't Trump him skuldich oan makke. De koroanapandemy drukte in swier stimpel op 'e ferkiezings, wêrby't foar in grut part oer de [[post (posterij)|post]] stimd waard. Biden rôp syn efterban op om dat safolle mooglik te dwaan, mar Trump besocht de yntegriteit fan it stimmen oer de post mei bewearings fan [[fraude]] te ûndergraven, ek al levere er dêrfoar gjin inkeld stekhâldend bewiis. Fan gefolgen stimden fral Demokraten oer de post, wylst Republikeinen op ferkiezingsdei opkamen. Om't yn in protte steaten earst de stimmen teld waarden dy't op ferkiezingsdei útbrocht wiene, liek it op 'e jûn nei de ferkiezings dat Trump wûn hie. Mar doe't yn 'e folgjende dagen de poststimmen teld waarden, helle Biden him yn krúsjale steaten as [[Wiskonsin]] en [[Michigan]] fluch yn, en nei in neiltsjebitend spannende ekstra pear dagen ek yn 'e [[swingsteat]]en [[Pennsylvania]], [[Nevada]] en [[Arizona]], en sels [[Georgia]], dat foartiid sûnt de [[1990-er jierren]] fêst yn Republikeinske hannen west hie. Uteinlik waard Biden pas op [[7 novimber]] troch de grutte Amerikaanske [[tillefyzjenetwurk]]en as winner fan 'e ferkiezings útroppen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=