Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 44:
 
== Ynhâld ==
De ''HEGA'' hat sawol in [[polemyk|polemysk]] as in [[didaktyk|didaktysk]] doel. De opset fan Beda wie net inkeld it ferheljen fan 'e skiednis fan 'e Angelsaksen, mar ek om syn eigen opfettings oer polityk en [[godstsjinst]] te oppenearjen. Op polityk mêd wied er in patriot fan syn bertelân [[Northumbria]], dat er in rol takent dy't fier útstekt boppe dy fan 'e grutte rivaal yn it suden, [[Mercia]]. Hy docht mear war om it barren yn 'e [[7e iuw]], doe't Northumbria de dominante Angelsaksyske machtsfaktor wie, te beskriuwen as dy fan 'e [[8e iuw]] doe't har macht yn it neigean rekke. De iennichste krityk dy't Beda op Northumbria hat giet oer de dea fan kening [[Ecgfrith fan Northumbria|Edgfrith]] yn 'e [[Slach by Nechtansmere]] tsjin 'e [[Pikten]], yn [[685]]. Beda sjocht dy nederlaach as in ferjilding fan [[God]] foar de Northumbryske oanfal op 'e [[Ieren (folk)|Ieren]] yn it foargeande jier. Hoewol't Beda Northumbrje trou bliuwt, leit syn sympaty yn dit gefal dúdlik by de Ieren.<ref>[http://en.wikisource.org/wiki/Ecclesiastical_History_of_the_English_People/Book_4#26] Titel: en.wikisource.org Ecclesiastical History of the English People; Book 4, chapter 26, oers. L.C. Jane (1903){{en}}</ref>
 
== Edysjes ==
* De ''Beda Petersburgiensis'' yn 'e [[Russyske Nasjonale Bibleteek]] yn [[Sint-Petersburch]], yn [[Ruslân]], is in ier eksimplaar fan 'e ''HEGA'', dy't yn 'e tiid fan 'e [[Frânske Revolúsje]] yn Ruslân bedarre is. It hânskrift wurdt datearre tusken [[731]]/[[732]] en [[746]].