Hindrik V (toanielstik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
It stik begjint mei it ynskypjen fan it Ingelske leger om it [[It Kanaal|Kanaal]] oer te stekken, foar in fjildtocht yn it ramt fan 'e [[Hûndertjierrige Oarloch]] tusken [[Ingelân]] en [[Frankryk]]. Dêrby fynt yn 'e haven fan [[Southampton]] in gearspanning plak om kening Hindrik V om hals te bringen (in histoarysk foarfal), dêr't û.m. Hindrik syn neef, de [[Richard fan Conisburgh, 3de greve fan Cambridge|greve fan Cambridge]] belutsen is. De fernimstige manear wêrop't Hindrik de gearspanning oan it ljocht bringt en syn ûnmeilydsumens by it ôfweven mei de gearspanners lit sjen dat er in hiel oare man wurden is as de guodlike prins dy't er yn Shakespeare syn eardere toanielstikken ''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 1|Hindrik IV, Diel 1]]'' en ''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 2|Diel 2]]'' wie.
 
Foar de komyske noat yn dit serieuze toanielstik soargje in tal minder wichtige personaazjes: de gewoane soldaten Pistol, Nym en Bardolph, dy't ek al har opwachting makken yn 'e beide stikken oer Hindrik IV. It Ingelske leger omfettet fierders ek in [[Skotten|Skot]], in [[Ieren (folk)|Ier]] en in stereotyp delsette [[Welsen|Welsman]] dy't fan Fluellen hjit, wat in besykjen fan Shakespeare is om yn it Ingelsk ta in [[fonetyk|fonetyske]] skriuwwize te kommen fan 'e Welske namme "Llywelyn".
[[Ofbyld:Queen Katherine of France - Laura T. Alma-Tadema.jpg|thumb|left|200px|''Katerine leart Ingelsk fan har hofdame Alice'', in [[stiendruk]] út [[1888]] fan [[Laura Alma-Tadema]].]]