Piter Dekema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Linkfix Karel V, Grou, Ljouwert (2x)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory
Rigel 28:
Dekemastate lei tsjin de grins mei Ljouwert oan Dekemastate hat oan de Skrâns lein, neist it lettere gemeentehûs fan [[Ljouwerteradiel]]. It waard it [[Ald Hôf]] neamd. Piter Dekema hat dêr ek wenne. Yn [[1578]] wenne dêr [[Julius Dekema|Juw (Julius) Dekema]]. Wis is it net, mar der wurdt tocht dat hy in soan Piter wie. Hy wie ek riedshear by it Hof fan Fryslân. Hy wie ek in fûleindich stiper fan it Spaanske bewâld. Yn [[1578]] wie it Ljouwerter stedsbestjoer dwaande om it heft yn eigen hannen te nimmen. Foar’t de tsjerken skjinmakke waarden, hat de mannichte earst hûsholden by Dekemastate. It hôf is kappe wurden. It stedsbestjoer wie bang dat de fijannelike troepen Dekemastate brûke koenen as se de stêd belegerje soenen. Yn [[1580]] krige de stêd tastimming fan Hof fan Fryslân om de state ôf te brekken.
Op dat plak is letter in pleats delsetten om de stim fan Dekemastate te behâlden. Om [[1900]] hinne is dy pleats wer ôfbrutsen. Der is doe in tsjerke op it terrein boud. Letter is it in garaazje wurden. Dy is ek wer ferdwûn en no is it in part fan in wenkompleks. De strjitnamme Hofstrjitte hâldt it Ald Hôf noch yn oantinken.
 
[[Kategory:Skiednis]]
[[Kategory:Grytman]]