Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robotje (oerlis | bydragen)
No edit summary
Robotje (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
 
== Wurk ==
[[Ofbyld:Geert Aeilco Wumkes.jpg|thumb|Geert Aeilco Wumkes]]
=== Fryske preken ===
Ds. Wumkes hat in soad betsjutten foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in preek yn it Frysk die. Dat die er op [[3 jannewaris]] [[1915]] yn de Herfoarme tsjerke fan [[Tsjom]]. Hy sei: ''Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat''. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy't allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbjustere diakens en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it [[Nederlânsk]] (Tale Kanaäansk) hearre. Hja rûn de tsjerke út mei de wurden "Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke". It soe Wumkes net ûntmoedigje en hy preke dêrnei noch gauris yn it Frysk. De teksten fan syn Fryske preken waarden samle en mei in soad súkses útjûn.<ref>Mei Pinksteren yn maaie 2015 waard dy earste Fryske preek fan 100 jier earder betocht mei de bondel ''Pioniers sûnder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier''.</ref>