Walfridustsjerke (Bedum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
red
Rigel 33:
| webside = [http://www.hervormdbedum.nl/ Side herfoarme gemeente, Bedum]
}}
De '''WalfriduskerkWalfridustsjerke''' is in fan oarsprong [[Romaanske arsjitektuer|romaank]] tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente yn [[Bedum]] yn de provinsje [[Grinslân]]. It âldste diel fan de tsjerke datearret fan de 12e iuw. De tsjerke waard boud as beafeartstsjerke foar de hillige [[Walfridus]], dy't yn Bedum libbe en troch [[wytsings]] fermoarde wie. De biskop fan Münster wijde de tsjerke ynearsten ek oan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en [[Paulus (apostel)|Paulus]], mar al gau waard Walfridus de iennige [[Beskermhillige|patroanhillige]] fan de tsjerke.
 
== Skiednis ==
==== Foargongers ====
Om it jier 1000 hinne waarden by in ynfal fan de wytsings Walfridus en syn soan Radfridus fermoarde. Walfridus wie in man fan oansjen en makke noardeastlik fan it doedestiidske doarp [[Grins]] in soad lân oan, mar wie fral ek in fjoerich kristen. Op de weromreis fan harren plonderings namensetten de wytsings Walfridus frinzenfinzen en fermoarden him by harren skippen. De famylje fan Walfridus kochten syn lichem tsjin losjild fan de Wytsings werom en begroeven him thús yn it keamerke dêr't altiten bidde. Wat letter fûnen hja by syn hûs ek it lyk fan Walfridus' syn soan Radfridus en begroeven him by syn hûs. Nei in pear generaasjes waarden oer de grêven ynearsten houten [[Kapel (gebedsromte)|kapellen]] boud.
 
It grêf waard in populêr plakbeafeartsplak foar [[pylger]]s, sadat de kapel yn de 11e iuw ferfongen waard troch in romaanske tsjerke fan [[dowestien]]. Hoe't de tsjerke der út sjoen hat is net fêst te stellen. Yn de 12e iuw folge de bou fan in grutte, noch jimmeroan romaanske útwreiding. Dy tsjerke, in [[Skip (tsjerke)|trijeskippige]] [[krústsjerke]] mei in eastlike [[apsis]], hie in fûnemint fan fjildstiennen en in [[westwurk]] besteande út in toer en sydfleugels mei op eltse side twa tagongen nei de toer. Tusken 1225 en 1250 waard de tsjerke op 'e nij ferboud. Yn dy tiid ferfong bakstien al de dowestien. De tsjerke krige in rjochthoekich [[Koer (tsjerke)|koer]] yn in nei alle gedachten [[Romanogotyk|romanogoatyske]] styl, dat wat langer wie as de oarspronklike apsis. Wat letter waard it koer trijeskippich.
 
==== Letgoatyske tsjerke ====
Rigel 52:
 
==== Ofbraakplannen ====
Yn de 19e iuw wie de toer brekfallich woarn en yn 1849 stoarttestoarte it eastlike ferwulft fan it suderskip yn. In pear jier letter wie de tsjerke sa brekfallich, dat it net mear ferantwurdik wie om tsjinsten te hâlden. Der folge striid tusken foar- en tsjinstanners om de hiele tsjerke ôf te brekken en yn 1859 sette de tsjerkeried in advertinsje yn de provinsjale krante wêryn't de tsjerke foar ôfbraak oanbean waard, mar der waard te leech op ynskreaun en sadwaande waar besletten om dochs mar te renovearjen. By de provisoaryske renovaasje waarden de midsiuwske gewelvenferwulften útbrutsen,mei deharren steunbearen dy't de gewelven droegen waarden ôfbrutsenútbrutsen en hast it hiele ynterieur waard ferfongen. De noarderbeuk waard yn dy tiid net mear brûkt as tsjerke en die tsjinst as û.o. opslach en hospitaal.
 
==== Restauraasje ====
Rigel 58:
Yn de jierren 1950 waard it ynterieur fan de tsjerke opkreaze, mar in echte restauraasje wie it net en by it opknappen gyngen op 'e nij karakteristike eleminten ferlern. By argeologysk ûndersyk yn de jierren 1980 waarden efter de tsjerke de fûneminten fan it heechkoer werom fûn. In grutte restauraasje folge lang om let yn de earste helte fan de jierren 1990. Doe waard der ek argeologysk ûndersyk yn de tsjerke ferjochte. Fan it âlde ynterieur bleaune allinne in pear grêfsarken út 1598 en 1602 bewarre. De tsjerke krige in nije flier en nije banken yn in oare opstelling.
 
Yn it Museum Catharijneconvent yn Utert wurde noch in 15e-iuwske Madonna en in byld fan Sint-Jan de Evangelist fan de Walfridustsjerke bewarre. It [[Grinzer Museum]] besit noch in út de tsjerke ôfkomstige konsole fan sânstien mei in frou yn midsiuwske klean.
 
== Toer ==