Walfridustsjerke (Bedum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 12:
| bestjoerlike ienheid 3 =
| namme bestjoerlike ienheid 3=
| plak = [[Bedum (doarp)|Bedum]]
| adres = Plantsoen 2
| koördinaten =
Rigel 33:
| webside = [http://www.hervormdbedum.nl/ Side herfoarme gemeente, Bedum]
}}
De '''Walfridustsjerke''' is in fan oarsprong [[Romaanske arsjitektuer|romaank]] tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente yn [[Bedum (doarp)|Bedum]] yn de provinsje [[Grinslân]]. It âldste diel fan de tsjerke datearret fan de 12e iuw. De tsjerke waard boud as beafeartstsjerke foar de hillige [[Walfridus]], dy't yn Bedum libbe en troch [[wytsings]] fermoarde wie. De biskop fan Münster wijde de tsjerke ynearsten ek oan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en [[Paulus (apostel)|Paulus]], mar al gau waard Walfridus de iennige [[Beskermhillige|patroanhillige]] fan de tsjerke.
 
== Skiednis ==
==== Foargongers ====
Om it jier 1000 hinne waarden by in ynfal fan de wytsings Walfridus en syn soan Radfridus fermoarde. Walfridus wie in man fan oansjen en makke noardeastlik fan it doedestiidske doarp [[Grins (stêd)|Grins]] in soad lân oan, mar wie fral ek in fjoerich kristen. Op de weromreis fan harren plonderings setten de wytsings Walfridus finzen en fermoarden him by harren skippen. De famylje fan Walfridus kochten syn lichem tsjin losjild fan de Wytsings werom en begroeven him thús yn it keamerke dêr't altiten bidde. Wat letter fûnen hja by syn hûs ek it lyk fan Walfridus syn soan Radfridus en begroeven him by syn hûs. Nei in pear generaasjes waarden oer de grêven ynearsten houten [[Kapel (gebedsromte)|kapellen]] boud.
 
It grêf waard in populêr beafeartsplak foar [[pylger]]s, sadat de kapel yn de 11e iuw ferfongen waard troch in romaanske tsjerke fan [[dowestien]]. Hoe't de tsjerke der út sjoen hat is net fêst te stellen. Yn de 12e iuw folge de bou fan in grutte, noch jimmeroan romaanske útwreiding. Dy tsjerke, in [[Skip (tsjerke)|trijeskippige]] [[krústsjerke]] mei in eastlike [[apsis]], hie in fûnemint fan fjildstiennen en in [[westwurk]] besteande út in toer en sydfleugels mei op eltse side twa tagongen nei de toer. Tusken 1225 en 1250 waard de tsjerke op 'e nij ferboud. Yn dy tiid ferfong bakstien al de dowestien. De tsjerke krige in rjochthoekich [[Koer (tsjerke)|koer]] yn in nei alle gedachten [[Romanogotyk|romanogoatyske]] styl, dat wat langer wie as de oarspronklike apsis. Wat letter waard it koer trijeskippich.
Rigel 45:
De pylgers brochten in soad ynkomsten en yn de rin fan de 15e iuw waard in begjin makke oan de bou fan in [[Skip (tsjerke)|trijskippige]] [[krústsjerke]] fan stedske diminsjes. Wylst der oan in letgoatysk, fiifsidich heechkoer mei [[Koeromgong|omgong]] wurke waard, leine de [[Karel fan Gelre|Gelderske]] troepen fan Meindert fan Ham doarp en tsjerke yn 'e jiske. Yn de rin fan de 16e iuw feroaren de bouplannen en krige de tsjerke it karakter fan in twaskippige [[halletsjerke]], wylst it súdlike skip yn letgoatyske styl ferboud waard. In [[slútstien]] mei it jiertal 1564, dy't oant 1802 yn it suderportaal ynmitsele siet en tsjintwurdich yn de pastory, soe wize op de foltôging fan it wurk. Om't yn de westlike gevel in goatysk finster sitten hat, moat oannommen wurde dat de oanbousels as ûnderdiel fan it westwurk njonken de toer yn dy tiid al net mear bestiene.
 
De tsjerke wie wat ôfmjittings oanbelanget yn Grinslân dy tiid allinne te ferlykjen mei de [[Der Aa-tsjerke|Der AA-tsjerke]] en [[Martinytsjerke (Grins)|Martenstsjerke]] yn [[Grins (stêd)|Grins]] en de (net mear besteande) Krústsjerke fan [[Midwolda]].
 
==== Reformaasje ====